Weppers tongersdei 8-11-18

SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt de wykpriis!
7 november 2018
Weppers freed 9-11-2018
9 november 2018

SDS 2 út de beker

SDS 2 hat tiisdei foar de beker mei 6-2 ferlern fan Reserve-1e-Klasser Blauw-Wit ’34 2. De Ljouwerters begienen sterk oan de wedstriid en stienen en in poep en in skeet al mei 2-0 foar. SDS 2 koe de rêch rjochtsje en makke troch Dirk en Ralph wer lyk. Krekt foar de rêst makke Blauw-Wit der 3-2 fan. Yn de twadde helte noch efkes in kans op 3-3, mar úteinlik wûnen de Ljouwerters terjochte mei 6-2.

Nije yndraafsjurts

De JO17-1 hat nije yndraafsjurts! Dizze wurde stipe troch Autorijschool Theo Postma. De mannen steane der mar kreas op!
Op de webside fan Rijschool Theo Postma kinst no in fergese ryles oanfreegje.

Nije Treffer

De nije Treffer is klear om rûnbrocht te wurden! Hy kin kommende dagen dus by jim op de matte ploffe!

Seal

De sealfuotballers fan SDS fuotbalden justerjûn tsjin NTW. It waard 2-2.

Harsens derby (2070)

‘Tikkie werom, Jaap!’

 

 

 

Letter miskien wol mear!