SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt de wykpriis!

Jeugdfrijwilligers socht!
7 november 2018
Weppers tongersdei 8-11-18
8 november 2018

It is dizze wike ‘Jan TOTO’ dy’t de wykpriis pakt yn de SDS-League. Mei 53 punten hie hy krekt ien mear as ‘Henkie Cola’ fan Matthijs Postma en 2 mear as ‘Brugpieper United’ fan Anouk Delfsma.

Rick Hendriks bliuwt ‘ûnbedrige’ boppe-oan stean mei ‘FC FRickandel’. Hy hat noch altiten ien puntsje mear as ‘Better Call Thorsby’ fan Pieter Wesselius. ‘Henkie Cola’ fan Matthijs Postma komt ek tichterby, mar stiet noch altiten op 8 punten efterstân.

De reade lantearn bliuwt yn hannen fan Pytrik en Marit Kuperus mei ‘P(r)ima’, mar sy hawwe him no teagere mei ‘Hoekie Boys’ fan Marc Hoekstra. ‘P(r)ima’ pakte dizze wike mar leafst 46 punten en dat wie mar 7 punten minder as de wykpriiswinner.

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 7