Weppers freed 9-11-2018

Weppers tongersdei 8-11-18
8 november 2018
Sneon 10-11-2018
9 november 2018

SDS-ledengearkomst

Hâlde jim woansdei 21 novimber frij? Jûns fanôf 20.00 oere is dan de jierlijkse SDS-ledengearkomst mei dit kear wat in oar programma as oars. Ynkoarten mear der oer. Der is dy jûns gjin Champions-League-fuotbal, dus dêr hoefe je net om thús te bliuwen. Dêrneist hat Auke-Jetze de kofje brún en hat hy fêst ek wat lekkers by de kofje. Kom allegear! Yn de Treffer stiet 14 novimber, mar dat moat dus 21 novimber wêze!

SDS 1 bekert

Waskemeer, de nûmer 7 fan de tredde klasse B is sneon de tsjinstanner fan SDS 1, de nûmer 7 fan de tredde klasse A, yn it bekertoernooi. De wedstriid begjint om 14.30 oere en dit is de seleksje: Jaap, Bauke, Erik, Ewout, Frank, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Marco, Matthijs, Pieter, Remco en Wiebe.
Om 13.15 oere wurde sy ferwachte en om 13.30 oere hawwe sy de bespreking.

SDS 2 ek thús

Mooglik hawwe se de bekerwedstriid fan tiisdei noch yn de fuotten. Se moatte sneon foar de kompetysje oan ‘e bak tsjin VVI 2. Om 14.30 begjint ek dy wedstriid op it oare fjild. Dit is de seleksjedy ’t om 13.30 oere ferwachte wurdt:
Marten, Jorrit, Yward, Arjen, Anne, Bote, Feite, Inne, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels en Ralph.

SDS VR1 tsjin GAVC

Om 12.00 oere de thúswedstriid tsjin de Grousters fan GAVC VR1. Dizze seleksje wurdt om 11.00 oere yn de boks ferwachte:
Marjo, Hester, Richtsje, Seriette, Alissa, Gerry, Jeska, Kirsten, Sietske, Marije, Femke, Janieke en Sieta.

Tsjin Sleat 2

SDS 3 moat al om 12.15 oere los tsjin Sleat 2. De wedstriid wurdt spile yn Sleat.
Dit is de seleksje dy ’t om 11.00 oere út Easterein fertrekt:
Auke, Harm-Auke, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Jan-Simon, Peter, Pieter-Lieuwe, Robert, Tjeerd, Wichard, Pieter Kamstra en Tsjipke.
Good-old Daan flagget.

Tsjin Sleat 3

SDS 4 nimt it ek op tsjin Sleat. Harren tredde komt nei Easterein en se spylje om 12.15 tsjinelkoar.
De seleksje fan SDS  4:
Wifi
Kb – Steffen – Andries – Ballie
Igor – Allert – Sytse – Doede S.
Jildert – Rick
Wiksels: Gert-Jan, Jelmer Brouwer en Thomas.

Net nei Skylge……

SDS JO13-1 hie dit wykein fansels de moaiste wedstriid. Sij moasten nei Skylge en fuotbalje tsjin Terschelling JO13-1G. Spitich genôch kin dizze wedstriid net trochgean troch ‘strubbelingen’ by Terschelling………

Waskemar (1)

Wy hawwe de archyfboeken troch west, mar kinne (noch) nergens in wedstriid fan SDS tsjin Waskemeer fine. It ienige wat wy út Waskemeer fûn hawwe is…………. de hûn fan Tjerk van der Pol………..

Waskemar (2)

Dochs noch ien konneksje mei Waskemar fûn! De trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, is in kollega fan de trainer fan Waskemeer 1, Rob de Jong. Sy joue beide les op it Bogerman yn Snits.

Lokwinske………

Wy binne ús jierdei wer ris fergetten………. Ôfrûne snein bestie de webside 16 jier!

Afbeeldingsresultaat voor taart voetbal 14

Ynhelje

Yn de 3e-Klasse A wurdt der ien wedstriid ynhelle. Oudehaske hellet thús yn tsjin Minnertsga 1. Minnertsga 1 is nije wike de tsjinstanner fan SDS 1 yn Easterein.

Harsens derby (2071)

Ho!