Weppers tongersdei 5-9

Weppers woansdei 4-9
3 september 2013
Doch ek mei oan de SDS League!
5 september 2013

Kompetysje-yndielingen jeugd
De kompetysje-yndielingen fan de E- en F-pupillen kinne jim fine op de side fan desbetreffend jeugdteam. De rest fan de programma’s komme jûn let. De kompetysje-yndielingen steane der al by alle teams op.
De leiders en trainers binne noch net by ús bekend.

Mark
Prachtich item op de webside fan Sheffield F.C, de âldste fuotbalklup fan de wrâld. En in moaie foto. Sjoch
hjir

Triatlon
Sille Anne en Metsje nei earder dit jier de Alp d’duez fytst te hawwen no ek mei gemak de col de Spyktille oerkomme  en kinne se dan noch wol 5 km drave? En wa wint it fan de mannen fan SDS 4? Kin Jappie Wijnia syn broerke Tsjomme foarbliuwe en wat is Klaas van der Weg fan plan.
Hjoed om 18.00 oere giet it los. Kom efkes lâns bij it swimbad yn Wommels en sjoch it spektakel fan in triatlon. Of gean oan it parkoer stean en rop se ta.

SDS C1
Sij bekerje hjoed tsjin Mulier, sadat se sneon frij hawwe. Wij tinke dat de wedstriid yn Easterein spile wurdt om 19.00 oere.

Vr1

VR1 hat justerjun mei  3-0 ferlern yn Harns.

Mar mei in oantal neie spiilsters ( wer we hiel wiiz mei binne) en twa froulju fan de C’s ( super froulju dat jimme mei woene) en it untbrekken fan sawat de hiele efterhoede ( mar dat sil net wer)  gie it net min.

By flagen wie der enthousiaste ynset , moaie aksjes, wat unwennichheid, gjin benoudens om der hurd yn te gean, fertroude wearden en in  slutpost tusken de latten.

It wie de earste wedstriid fan dit seizoen  en dan is it wer efkes wenne oan elkoar.

Wat us betreft sjogge wy it  dit seizoen my fertrouen temjitte en hawwe der sin oan.

Pieter en Feike

Kwiske
Wa ’t hjoed efkes tiid hat kin moai
dit kwiske efkes dwaan.

Harsens derby(1106)
Wat in machtige aksje fan Dejan Meleg fan Jong-Ajax: