Weppers woansdei 4-9

Weppers tiisdei 3-9
2 september 2013
Weppers tongersdei 5-9
4 september 2013

SDS League-spilerslist
Ek hjoed noch gjin SDS League, want troch dy lêste transfers is it noch in hiel wurk om it foarelkoar te krijen. Moarn sille jim hjir de nije SDS League seker fine kinne. Hy sil dan ynlevere wurde moatte foar sneon 14 septimber om 19.00.
Wy hawwe alfêst in spilerslist, mar hjir kin noch wolris in foutsje ynsitte. Miskien wolle jim meihelpe om it nei te sjen. Sjoch hjir foar de list en mail op- en of oanmerkingen.

Kompetysje-yndielingen jeugd
Jûn let kinne jim hjir alle kompetysje-yndielingen fan de jeugd fine.

Ôflast
Foar kommend wykein binne der al ferskeidene wedstriden ôflast y.f.m. de drûge fjilden. Sa sil der yn elts gefal yn Menameradiel en Tytsjerkeradiel net fuotbald wurde.

Jan-Friso útskeakele
Jan-Friso Bruinsma(SDS 1) hat mooglik dochs syn krúsbannen skuord. Foarige wike rekke hy blesseard. Nije wike sil hy foar in “sjochoperaasje”.

Gjin bewarnûmer
By SDS komt der sûnt dit seizoen gjin bewarnûmer fan de Treffer mear út om ’t der faaks noch safolle wikselingen binne en oare ûnwissigheden. SDS is dêryn net de ienige klup, by VV Dronryp stopje se der no ek mei(klik hjir).

Killers

Dit boek oer Fryske superspitsen liket ús wol aardich. Fansels stiet der in ferhaal yn oer ús superspits Jappie Wijnia, mar ek oer Tinus Vermaning, Roelof Koop, Andre Polet, Anne Bergsma, Durk Pietersma, Simon de Schiffart en noch folle mear. It boek is no te krijen by Van der Velde yn Wommels.

SDS E3 op de foto

Dat is alwer moai…. de tredde 11 tal foto binnen en it is noch lang gjin desimber. No E3 op de foto yn Âldegea.

Flink Bale(2)
Sa ’t wy juster al seinen is it flink Bale foar Southampton dat sy jierren lyn it ferkeappersentaasje op de ferkeap fan Gareth Bale ferkochten. Sjoerd Mossou wit eksakt hoe ’t it allegear sit(klik
hjir).

Harsens derby(1105)
In aardige redding. Fan in spiler wolteferstean: