Weppers tongersdei 5-4-2018

Weppers woansdei 4-4
4 april 2018
SDS-League; ‘It kin Elger!’
5 april 2018

Winst JO 10-1


Woansdeitejûn ek al in wedstriid yn Easterein mei winst.

Nije doar yn it hek

Sûnt tiisdei sit der in nije doar yn it hek. Dat betsjut dat it wat makkelijker is om de goals nei it trainen op te romjen. Dit moat al barre om ’t de fjildploech sa mei it fjild dwaande kinne sûnder earst alle goals derôf helje te moatten.

Dit kin dus no echt net mear!

Winne of gelykspylje

Oudehaske 1 en SDS 1  hawwe 11 kear tsjinelkoar spile yn Oudehaske. Op basis fan de resultaten fan dy 11 wedstriden binne wij hoapfol. Sjoch hjir.

SDS VR2

SDS VR2 giet freedtejûn ek wer los. Trije wedstriden mei 7 tsjin 7 op in heal fjild en dizze kear yn Grou.

Alde papieren

Yn it seizoen 1983-1984 wie Henk Buning trainer bij SDS 1. Hij makke in kreas oersicht fan it hiele seizoen en dat fûnen wij werom yn de papieren dy’t wij okkerdeis krigen. Sjoch hjir.

Heiten


Moandei wie Aaipop yn Nijlân en dêr wiene in “opmerklik” oantal jeugdleden fan SDS . Och, sa bysûnder wie it miskien ek wol net. Mar leafst trije heiten fan SDS jeugdleden makken dêr lekkere herrie…Of net Fenna, Sietze Pieter, Jorrit, Milan, Robin en Luka?

Harsens derby (2006)

Dat neisjen fan de noppen komt by tiden gjin ein oan.