Weppers woansdei 4-4

Ferslach Bant 1- SDS 1
4 april 2018
Weppers tongersdei 5-4-2018
5 april 2018

Seizoen 2018-2019

Oer in wike as 8 dan sitte de measte kompetysjes der op. Dat betsjut dat wy alfêst nei folgend seizoen sjen moatte. Hjoed dêrom wat nijtsjes.

SDS 1

By SDS 1 hâld Marco Hoekstra op as trainer en syn assistent Robert Hoekstra ek. Sa ’t jim witte nimt Douwe Posthuma de taken fan Marco nei dit seizoen oer. Floris Hiemstra bliuwt leider.
Foeke Reitsma stoppet nei dit seizoen as fersoarger. Hy hat it te drok mei de stúdsje. Hennie Roubos út Gorredyk nimt it stokje fan him oer. Hennie hat earder jierren fersoarger west fan ONT, by de KNVB, Drachtster Boys en ONB. Wy binne der tige wiis mei dat hy Foekes taken oernimme wol. Hennie hat witte litten net allinnich foar de spilers fan de A-seleksje klear te stean, mar ek foar oare SDS’ers.
Jan-Bouke Bouma stoppet nei dit seizoen as flagger by SDS 1. Tjerk van der Pol sil it flaggestokje fan him oernimme.

Hennie yn syn tiid by ONT.

SDS Vr.1

Stefan van Krimpen is ek folgend seizoen de trainer/coach fan Vr.1. Leidster Jacomien Heeres stoppet spitich genôch al. Jierren hat sy de druwende krêft west efter it frouljusfuotbaljen, mar no ’t dochter Tjitske nei dit seizoen nei Grins giet te studeren en stoppet by SDS, stoppet sy ek. SDS sil op syk nei in ferfang(st)er.

SDS 2

By SDS 2 stoppet Boudewijn Kramer nei 3 seizoenen as trainer-coach fan SDS 2. Hy hat it û.o. drok as foarsitter fan de Skoalleseize en wol efkes in jier ‘neat’. SDS sil op syk nei in nije trainer. Jeroen Brouwer bliuwt ek folgend seizoen leider fan SDS 2.

SDS JO19-1

Henk Mulder hat witte litten dat hy ek folgend seizoen graach trainer-coach fan SDS JO19-1 wêze wol. Hjir binne wy tige wiis mei.

MUTA

SDS hat al jierren in kleankontrakt mei MUTA. Dit foldocht prima en dit kontrakt wurdt dan ek ferlingd. MUTA sil der tegeare mei SDS foar soargje dat der noch mear SDS’ers yn SDS-klean rinne sneons. Yn ús websjop kinne jim ek noch altiten SDS-klean bestelle of hear by Douwe-Dirk Reitsma (tel; 332500)as der wat op foarrie is. By Douwe kinne jim de klean efentueel ek passe.

Pieter Sijtsma

Ofrûne moandei rekke Pieter Sijtsma yn de wedstryd Bant 1 – SDS 1 op ‘e nij blesseard oan de knibbel. It fielt noch altiten net goed en hy is bang dit seizoen net mear yn aksje komme te kinnen. Wy winskje him betterskip!

Habtamu de Hoop by it Klokhuis

De topskoorder fan SDS 1 en PVDA-riedslid Habtamu de Hoop wurdt presentator by it jeugdtillevysjeprogramma Klokhuis! Is dat net alderaardichst?

foto van Habtamu de Hoop.

Op nei de 100!

Hendrik de Jong hat oant no ta 96 goals makke yn SDS 1. Alteast dat seit Voetbalnoord. Hendrik hat sels al syn goals nochris neiteld en blykt op 97 út te kommen. It foutsje sit him yn de wedstryd tsjin VHK wêr as SDS yn it seizoen ’99-’00 thús tsjin fuotballe. SDS stie mei de rêst 3-0 efter en yn de twadde helte kamen Jappie Wijnia en de doe 17-jierrige Hendrik de Jong der yn. Robert Sijbesma makke ferfolgens de 3-1 en dêrnei wie it Jappie twa kear en Hendrik dy ’t in hattrick makke en sa der foar soarge dat SDS mei 6-3 wûn. Op Voetbalnoord stie der allinnich in goal tefolle by Jappie en ien te min by Hendrik. Dit is no rjochtbreide. Hendrik hoeft der no dus noch mar 3 te meitsjen.

It bewiis út it Frysk Deiblêd

It foutsje op Voetbalnoord

De nije list!

Harsens derby (2005)

Dizze ferdediger hat dúdlik de harsens der efkes net by…………

 

 

 

Letter miskien wol mear!