Evenementen in december 2022

Weppers woansdei 28-5
27 mei 2008
Weppers freed 30-5
30 mei 2008

Aaien op it fjild!
Moandei mienden wy noch dat der ien aai op it haadfjild fan SDS lei. Hjoed docht út foto’s fan Henk Bootsma bliken dat it der sels twa binne. Der wurdt ek goad op past.

Soe Sibe hjir mear fanôf witte?


Is it net in pronkje?

Beachsoccer
Yn it ferline by aardrijkskunde hawwe wy neffens my nea leard dat der in strân by Heerenveen leit of it moat al by it Nannewiid wêze. Yn elts gefal wurdt der by Sportstad Heerenveen(dat bestie doe noch net) in Beachsoccer-evenemint hâlden op woansdei 18(junioaren) en tongersdei 19 juny(senioaren). Wa ’t as team nocht hat om hjir oan mei te dwaan moat dit efkes lêze(klik
hjir).
Je moatte der al gau by wêze, want de opjefte moat foar snein.

Fuort
Nei ien seizoen nimt SDS ôfskie fan Kasper Hoek. Neffens ús ynformaasje giet hy werom nei SC Franeker.
hspace=0
Kasper giet werom nei Frentsjer.

Trainers, lieders, flaggers….
De famkes fan SDS binne noch op syk nei in trainer foar folgend seizoen.
De froulju hawwe noch ferlet fan in lieder/flagger.
Foar mear ynfo of opjefte kinne je skilje, tusken 17.00 en 19.00, nei: Anke van Asselt, 06 42 51 66 39

SDS EK-League
Wy sitte no al oer de 10 dielnimmers en dat in wike fan te foaren. Dit belooft noch wat.  Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik
hjir foar mear ynformaasje. Jim hawwe noch 9 dagen om him yn te leverjen.

Nije Treffer
De eintreffer liket dochs noch in aardich dikke edysje te wurden. Wierskynlik kriget hy 44 oan ’t 48 siden. Mochten jim ynkoarten dus in flinke knal by de foardoar heare dan is dat wierskynlik de nije Treffer dy ’t op de doarmatte falt.

Nije stuoltsjes
Neffens Daan Boersma krije sy fan ’t simmer nije stuoltsjes yn it stadion fan FC Groningen, de Euroborg. Dit wurde se:



Knap smiten
Ramón Diaz wie yn it ferline wol in knappe spits. Hy koe aardich koppe en hurd sjitte. No ’t hy koach is blykt hy in hurde holle te hawwen en kin hy ek aardich smite…………….Wy witte net as hy wat rekke hat:



Letter mear!