Weppers freed 30-5

Weppers tongersdei 29-5
28 mei 2008
Weppers sneon 31-5
31 mei 2008

Nije spiler
SDS hat foar folgend seizoen in nije spiler oanlutsen. Moarn kinne jim hjir sjen wa.
Per Kampman fan LSC is it yn elts gefal net wurden. Hy is by SDS west te praten, mar kiest foar Leeuwarder Zwaluwen.

SDS EK-League
Wy sitte no al op sa ’n 15 dielnimmers en dat in wike fan te foaren. Dit belooft noch wat.  Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje. Jim hawwe noch 8 dagen om him yn te leverjen.

Ôfskie
SDS 2 hat justerjûn ôfskie nommen fan trainer Hylke Schrale. Ûnder it genot fan in “gleske cola” en mei de wedstryd Nederlân – Denemarken op de eftergrûn koenen sy it noch moai efkes hawwe oer it ôfrûne seizoen. Der waard ek alfêst foarútsjoen. Fansels it meast nei de 2 wedstriden kommend seizoen tsjin Hylke syn nije ploech Leeuwarder Zwaluwen 2.

2 frouljusteams
Anke van Asselt hat de wyn der aardich ûnder by de fuotbalfroulju. De froulju wurde sa stadich oan aardich fuotbalgek. De iene nei de oare wurdt lid. Dit betekent dat der folgend seizoen 2 frouljusteams fan SDS yn de kompetysje útkomme.
Mochten der noch mear froulju belangstelling hawwe om te fuotbaljen dan moatte sy hjir efkes sjen(klik hjir).

1e priis!
Habtamu en Solomon de Hoop sieten mei harren foarspelling fan de einstân fan de eredivisie it tichst by de wurklike einstân. Juster krigen sy in pryske útrikt út hannen fan Tom en Pieter:


El Diego(1)
Henk Bootsma kaam yn syn archyf SDS syn eigen lytse El Diego tsjin:

Solomon de Hoop yn aksje

El Diego(2)
Moarntejûn om 21.00 op Ned. 3 in prachtige dokumentêre oer de beste fuotballer ea, Diego Armando Maradona. Stel de fideo mar fêst yn, want it is de muoite wurdich!


Miskien letter mear weppers en oars moarn!