Weppers tongersdei 29-11-2018

SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt op ‘e nij de wykpriis!
28 november 2018
Weppers freed 30-11-2018
30 november 2018

SDS Vr. siket flagster/flagger foar sneon

SDS Vr.1 spilet sneon om 14.30 oere yn Tsjom tsjin de pleatselijke favoryt, mar is noch op syk nei in flagster/flagger. Wa soe dit putsje efkes op har/him nimme wolle? Graach efkes trochjaan oan Tarina (06-31361732) of info@vv-sds.nl.

SDS MO 15-1 ûnderút

SDS MO15-1 spile justerjûn in ljochtwedstriid yn Hurdegaryp. Sy ferlearen yn de kjeld mei 7-0 fan de Hurdegarypster famkes.

Utslagen en standen

Wat de útslagen fan it ôfrûne wykein mei de stand dien hat kinne jim hjir sjen.

Sinterklaasynkeapen

Douwe-Dirk Reitsma stiet sneon yn de SDS-kantine fan 10.00 -11.30 oere mei SDS-klean, -tassen, -sjaals en noch folle mear. Sjoch yn de SDS-websjop wat der allegear te krijen is. Der is fan alles op foarried en je kinne efkes passe!

2002-2003


Wat witte jim noch fan it seizoen 2002-2003?  SDS 1 spile yn de tredde klasse A, stie boppe-oan, waard gjin kampioen, pakte noch in periode, helle de finale fan de neikompetysje en ………..
Helje mei dizze stikjes it hiele seizoen noch in kear werom.

Harsens derby (2079)

Kin net misse…………