SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt op ‘e nij de wykpriis!

Weppers woansdei 28-11-2018
28 november 2018
Weppers tongersdei 29-11-2018
29 november 2018

It is dizze wike op ‘e nij ‘Jan TOTO’ fan Jan-Friso Bruinsma dy ’t de wykpriis pakt. Twa wiken werom pakte hy ek al de wykpriis. No hat hy mar leafst 73 punten. Safolle punten hat noch net ien dizze edysje helle. Dit wie 5 punten mear as ‘MarkrEeltje’fan Marije de Vries en Eeltje Postma en as ‘Aan de kant ik moet naar ’t Stadion’ fan Sjoerd van Beem.

‘Aan de kant ik moet naar ’t Stadion’ fan Sjoerd van Beem pakt dus 68 punten dizze wike en dat is mar leafst 38 punten mear as syn grutte rivaal ‘Tropedo Toering***’ fan Jaap Toering. Wat Sjoerd betreft mei Jaap dy 3 stjerren dan ek wol ynleverje. Jaap stiet no 55e en hat it kratsje bier foar Sjoerd al yn it hok stean.

Matthijs Postma stiet mei ‘Henkie Cola’ noch altiten boppe-oan yn de SDS-League. Hy rint wer wat út en hat no 10 punten foarsprong op nûmer 2, ‘FC FRickandel’ fan Rick Hendriks. Op nûmer 3 steane mei 14 punten efterstân, ‘Better Call Thorsby’ fan Pieter Wesselius en ‘Hakuna Matata**’ fan Hendrik de Jong.
Opfallend oan koprinner Matthijs Postma is dat hy boppe-aon stiet sûnder ek mar in wykpriis wûn te hawwen.

Annejan Hallema hat mei ‘FC Altijd Laatst’ de reade lantearn oernaam fan ‘Hoekie Boys’ fan Marc Hoekstra. Marc pakte mar leafst 50 punten, stiet no ien nei lêst, mar is fan doel om no fierder te stigen yn it klassemint.

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 9