Weppers freed 30-11-2018

Weppers tongersdei 29-11-2018
29 november 2018
Sneon 1 desimber
30 november 2018

SDS 1 tsjin Willemsoord 1

Nei de suksesfolle wedstriid yn Ljouwert yn de twadde bekerronde is der wierskynlik in soad fertrouen bij de trainer/koach Douwe Posthuma.
Dat fertrouen kin brûkt wurde yn de wedstriid tsjin Willemsoord 1. De jongemannen út in doarpke krekt oer de grins (fan Fryslân) presteare wat wikseljend op it fjild mar yn tredde helten sette se meastal harren beste poatsje foar.
Dizze seleksje sil it foar SDS dwaan moatte:
Jaap, Bauke, Erik, Ewout, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter, Remco en Wiebe.

Kin SDS 2 de liuwen fan Workum 2 bedwinge?


It soe fansels moai wêze at de ploech fan Okke van der Kamp sneon ek meifeeste kin at de trije punten út Warkum helle binne. Bij minder as trije punten binne se fansels ek wolkom. Om 15.00 begjint it dêr mei dizze seleksje dy ’t om 13.30 oere út Easterein fertrekt:
Gertjan, Frank, Jorrit, Watze-Jacob, Arjen, Anne, Bote, Dirk, Feite, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph en Sjoerd.
Riders: Watze-Jacob, Ralph, Bote en Sjoerd.

Bliuwt SDS 3 koprinner?


At SDS 3 op in affysje stiet dan binne de ferwachtingen fansels heech. Leeuwarder Zwaluwen 7 sil dêr de dupe fan wurde moatte. Dy hawwe noch net safolle punten en dat sil SDS 3 graach sa hâlde wolle. De seleksje dy’t dit kluske oppakke sil:
Gert-Jan, Harm D, Harm S, Henk, Ids, Jan-Simon, Jeroen, Klaas, Peter, Pieter-Lieuwe, Robert, Ronny, Tseard, Wichard en Willem.
Daan flagget!

SDS 4 nei Boalsert

SDS 4 stiet twadde en dat wolle se graach sa hâlde. Dus winst tsjin sc Bolsward 6 is in moatten. Om 14.30 giet it los yn de stêd mei dizze seleksje:
Hendrik Engbrenghof, Jildert van der Werf, Doede-Douwe Koopmans, Klaas Bouke Faber, sergeant Jelmer Brouwer, Martijn Rispens, Arjan Hallama, Doede Sijsling, Sytse Hibma, Jelmer Posthumus, Gert-Jan Hessels, Dirk-Yde Sjaarda, Wellicht Eeltje en Andries 1 helft.

SDS Vr.1 út nei Tsjom

Om 14.30 oere de streekderby yn Tsjom tsjin de froulju fan vv Tzum Vr.1. Dizze seleksje sil sjen as sy trije punten pakke kinne: Gerry, Hester, Sietske, Elske, Marjo, Femke, Marije, Richtsje, Seriette, Sieta, Janieke, Jeska en Marrit.
Fertrek 13:30
Riders: Tarina, Richtsje, Sieta en Sietske.

SDS Vr.1 hat in flagger foar sneon!

SDS Vr.1 wie foar de wedstriid tsjin vv Tzum oant fannemoarn noch op syk nei in flagster/flagger, mar hawwe no ien fûn. De freon fan Elske Galema, Peter van Zuiden, sil flagje yn Tsjom. Topper!

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhuhhh!!!

Jelmer Posthumus is juster befordere oant sergeant! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2079)

Toet, tooooooooooooooeeeet!

Letter miskien mear!