Weppers tongersdei 29-1

Weppers woansdei 28-1
27 januari 2009
Weppers freed 30-1
29 januari 2009

Gjin trainen
SDS 4, 5 en 6 hat jûn gjin trainen. Hurd en glêd fjild. Nije wike sjogge wij wol wer.

Traine of oefenje
Jûn sil SDS 2 traine op it kuenstgersfjild fan WPB. Sy fertrekke om 17.45 út Easterein. De oefenwedstryd tsjin WPB 2 giet dus net troch.

Ôflast
De trainingen fan SDS C1 en C2 foar hjoed binne ôflast y.f.m. it hurde en sjippeglêde trainingsfjild.
Dirk


Voetbal 21
Der is in
fuotbalside dy’t in kompjoeter in foarspelling dwaan lit. Wij krigen dit mailtsje:
De Voetbal21 computer voorspelt vanaf nu elke woensdag de uitslagen van de wedstrijden van het aankomende weekend. Op basis van de stand en statistieken voorspelt Voetbal21 dat de uitslag van SDS Za1 – Olymp.28 Za1 dit weekend zal worden: 1 – 1.

Traine
E2, E3 en E4 hawwe justerjûn al traind op de iisbaan efter de sporthal. Der wien in pear hoekjes mei gers dy’t noch net hurd wiene. 

SDS 4,5 en 6
De mooglikheden foar SDS 4, SDS 5 en SDS 6 om hjoed te trainen binne net grut. It fjild is te glêd. Der kin miskien yn de kantine tafelfuotballe (of kaarte) wurde. Wij heare wol wat de bedoeling is.

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint moandei 2 febrewaris om 24.00 pas ôf. Wy ferwachtsje net folle transfers mear, mar je witte mar noait. It formulier foar de SDS League wurdt geregeld oanpast. Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik
hjir om alles oer de nije SDS League te lêzen. Je meie je team wol fêst ynleverje en efentueel noch foar 7 febrewaris oanpasse.

Te enthousiast
Je steane 5-0 efter en dan meitsje yn de lêste minuten de eretreffer, 5-1! Hartstikkene bliid fansels totdat je in ploechmaat tsjinkomme dy ’t krekt wat te enthousiast is: