Weppers freed 30-1

Weppers tongersdei 29-1
28 januari 2009
Weppers sneon 31-1
30 januari 2009

Giet net troch
Alle wedstrijden in het amateurvoetbal zijn voor dit weekend afgelast. Dit geldt zowel voor de A- als B-categorie. Ook de duels in de hoofdklassen op zaterdag en zondag gaan dus niet door.
André Vink










Oefenje en nei Wolvegea
SDS 1 sil moarn om 12.00 oefenje tsjin ONS 2 op harren nije kuenstgers. Eltsenien moat om 10.45 oanwezich weze op de Skoalleseize. Der binne 2 auto’s (Anne Brouwer en Dick). Graach noch 2 auto’s(wa wol ride?)
Der wie ek belangstelling om nei de wedstrijd mei syn allen ergens hinne te gean. De planning wie om nei Drafcentrum Wolvega te gean. Soe iedereen dy ’t absolút net mei wolle dit oan Dick en Marten trochjaan wolle. Het is wol de bedoeling dat iedereen mei giet. Der binne al een oantal auto’s die nei Wolvega ta gean, dus dat hoeft net mear regele te wurden.
Dit is de seleksje:
Skelte, Feiko, Marten, Erik, Jacob Klaas, Tsjeard, Arnoud, Tsjipke, Henk, Tsjalling, Anne, Harm, Redmar, Jaap en Jelmer.

Traine en nei Heerenveen
SDS 2 is dus moarn ek ôflast. Sy traine no om 14.00 yn Snits. Dit jild ek foar SDS 3. Sy fertrekke om 13.30 út Easterein.
SDS 2 fertrekt moarn om 16.30 út Easterein om nei Heerenveen te gean nei Pizzeria Paolo. Nei it iten sille sy nei de iishockeywedstryd Hajé Flyers – Pecoma Grizzlies.

Dit is de seleksje fan SDS 2:
Marten, Hendrik, Remco, Dennis, Feite, JIldert, Dirk, Sytze, Arjan, Eeltje, Hjalmar, Ralph

Dit is de seleksje fan SDS 3:
Geert, Gerrit, Pieter, Stefan, Sjoerd van B., Andrew, Jentsje, Arjen, Sjoerd, Peter, Jeroen, Ronny en Anco

Hekel oan kuenstgers?
Neffens eigen sizzen hie Harm Stremler neat mei kuenstgers. Dit is oan syn fuotbaljen op kuenstgers oars net te merken. Juster op de training fan SDS 1 op kuenstgers wie hy op ‘e nij topskoarder.

SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint moandei 2 febrewaris om 24.00 pas ôf. Wy ferwachtsje net folle transfers mear, mar je witte mar noait. It formulier foar de SDS League wurdt geregeld oanpast (Lasse Nilsson stiet der no dus ek op). Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik hjir om alles oer de nije SDS League te lêzen. Je meie je team wol fêst ynleverje en efentueel noch foar 7 febrewaris oanpasse.

Samar in trainingsjûn

It wie woansdei drok op it fytspaad fan Wommels nei Easterein.
De B-junioaren, de Froulju en de A-junioaren koenen net op de fjilden traine. Dat de gympies as oar noflike skuon oan en op nei Wommels. Nei it fytspaad rjocht troch nei de Terp, in rûntsje en wer werom.
Der waard prima prestearre troch alle fuotballers! Klasse!
Dirk Yde wie mei op de fyts en Lody en Klaas hienen it noflik yn de auto…
By de B-junioaren wie … as earste…
By de Froulju wie … as earste…
By de A-junioaren (der wienen 9) wie Ewout as earste binnen, Jelte Pieter as twadde en Jarco tredde.
Wytse, Freek en Jacob kamen letter op de fyts nei Easterein en ha noch efkes mei SDS sealfuotballe.
In aardige alternative trainingsjûn. Wat sille we sneon ris dwaan?
Groetnis,
Klaas


Reedride
It fuotbaljen giet moarn net troch dus dan kinne je efentueel te riden nei de Ryptsjerkster Polder. It iis is dêr no fêst best genôch, al moat je net boppe de 100 kilo wêze…………(klik hjir)