Weppers woansdei 28-1

Weppers tiisdei 27-1
26 januari 2009
Weppers tongersdei 29-1
28 januari 2009

Traine of oefenje
Moarn sil SDS 2 oefenje tsjin WPB 2 yn Snits of traine op harren kuenstgersfjild. Sy fertrekke om 17.45 út Easterein. De wedstryd begjint dus net om 19.30, mar om ûngefear 18.30.

Traine A’s
Woansdei 28-1-2009, 20.30 oere traine, fjild- en fuotbalskouon mei!
PS: jild einliks ek foar de B-junioaren….
Groetnis,
Klaas

De seal yn
Yn ferbân mei de hurde fjilden giet SDS 3 jûn de seal yn. De sealtraining begjint om 21.30 en is dien om 22.30. Allegear €1,- meinimme.

Gjin striker
Ik ha moarn de hiele dei oant djip yn de jûn fan ’t wurk in hei-sessie. Ik bin der dus net.
Dooitze
Hjir in ferslach fan Dooitze syn foarige hei-sessie
Jaap


SDS 6
Noch in dikke wike en SDS 6 mei foar it earst los. Sneon 6 febrewaris spylje sy út tsjin Leeuwarder Zwaluwen 11. Wy hoopje jim binnenkoart mear nijs oer SDS 6 melde te kinnen.

Kalkje
Us oprop om it kalkjen fan Harm Bergsma oer te nimmen hat al sukses. Der binne al wer twa leden dy’t ek ree binne om sa no en dan op freed de kalkkarre te bestjoeren. Piet Kempe en Stoffel Bouma wolle dit keunstke ek leare. Wa’t ek de boeken yngean wol as parttime kalker kin him noch oanmelde op
info@vv-sds.nl . Der sil dan sa gau as mooglik in ynstrukje jûn wurde troch Harm en der sil in skema makke wurde. It soe moai wêze at der yn alle gefallen noch trije bij komme, dan kinne wij der in moai skema fan meitsje.

VI-paspoartekwis
Dirk de Jong wist 4 antwurden net, Jaap Toering 1 net en Christian Zijlstra wist se úteinlik wol allegear. Sjoch hjir foar alle antwurden fan dizze seker net maklike kwis.

Derby
Dit ôfrûne wykein wie yn Grikenlân de derby tusken Aris Thessaloniki en PAOK Saloniki. Wêr ’t wy mienden dat it tusken Vitesse en NEC net bûtere giet it der yn Grikenlân meastentiids noch rûger om wei. Wannear ’t de Portugees Conceicao in korner nimme wol wurdt hy bekûle mei fan alles en noch wat troch it fanatike publyk fan Aris. De skiedsrjochter wol it net lije dat Conceicao it spul weromsmyt en jout in reade kaart. Hjir is de Portugees net sa wiis mei: