Weppers tongersdei 28-4

Op nei keunstgers!
26 april 2016
SDS-League: Op ‘e nij nei de Coolsingel?
28 april 2016

Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
Op freed 10 juny sil der in ôfskiedswedstryd spile wurde foar Anne Brouwer dy ’t mear as 25 jier lieder fan SDS 1 west hat. SDS 1 sil dan yn Easterein fuotbalje tsjin in seleksje fan spilers dy ’t yn al dy jierren ûnder Anne fuotballe hawwe. De eksakte tiden binne noch net hielendal bekend, mar it sil wol let dien wêze…. Hâld foar mear ynformaasje de webside yn de gaten.

Anne mei Klaas Dijkstra

Nije nammen
De KNVB hat wat nijs betocht. Fanôf seizoen prate wij net mear oer F-kes, E’s, D’s, C’s, B’s en A’s. Sjoch
hjir.

Kantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine. 
Robert Sijbesma stiet efter de bar en op it grutte skerm is der wer Europa-League fuotbaljen. Dêrneist traine der hiel wat lju al om 19.00 oere, dus wurdt it fêst al betiid drok.

SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 traine jûn foar it lêst dit seizoen. Fansels wer ûnder de bezielde lieding fan Harm Abma.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir jûn let op de webside.

Kampioen?
Sneon nei SDS 1 – QVC 1 kinne wy noch moai efkes ien keapje op it kampioenskip fan de froulju fan SDS Vr.1. Dêrneist soe it samar kinne dat SDS A1 sneon kampioen wurdt as sy sneon winne en konkurrint sc Stiens ferliest.
SDS 3 kin dêrneist ek kampioen wurde sneon. Sy hoefe sels net, mar as konkurrint Balk 3 harren ynhelwedstryd ferliest is SDS 3 ek kampioen.

SDS 1 – QVC 1
Sneon om 14.30 oere spilet SDS 1 tsjin QVC 1. Wy hoopje dat jim allegear wer komme en der as 12e man mei foar te soargjen dat SDS 1 wint!

Skoalfuotbal 2016
Op 10 mei organiseren we weer het jaarlijkse schoolvoetbaltoernooi.
De volgende scholen hebben zich al opgegeven:
BBS De Foareker       Easterein
BBS De Earnewjuk    Easterlittens
BBS De Reinbôge       Hilaard
ABS De Reinbôge       Kubaard
BBS De Grûnslach     Wjelsryp
BBS It Fûnemint          Wommels
OBS De Opslach         Wommels
Het toernooi begint om 15:30.

Harsens derby (1711)
“Útglide? Hielendal net! Krachttrene!”