Op nei keunstgers!

Weppers tiisdei 26-4
24 april 2016
Weppers tongersdei 28-4
27 april 2016

Yn 2007 waarden de earste plannen smeden foar de oanlis fan in keunstgersfjild. Ynmiddels binne wy 9 jier fierder en kin eindelijk de skeppe de grûn yn. Ôfrûne sneon 23 april waarden de hântekeningen setten troch de Skoalleseize en Antea Bouwgroep foar de oanlis fan it keunstgersfjild. Wy as SDS binne hjir tige wiis mei en wolle al dy minsken tank sizze dy ’t hjir yn de ôfrûne jierren sa drok mei dwaande west binne en fansels de Gemeente Littenseradiel foar it beskikber stellen fan de subsydsje.


Wy binne der allinnich noch net hielendal. Sa sille der foar de oanlis fan it keunstgersfjild ek wat selswurksumheden barre moatte lykas alle tegels om it fjild weihelje en de stekken. It doel is om op 17 maaie hjirmei te begjinnen. 
Wy rekkenje op jim!

Op sneon 14 maaie spilet SDS 1 foar it lêst op it haadfjild sa ’t der no leit. Sy spylje dan thús tsjin Oudehaske 1. Nei de tiid spilet Jan Nota, is der in barbekjoe, in lytse feiling en twa alderaardichste aktiviteiten op it haadfjild.
De opbringst giet nei de oanlis fan in moai stek rûn it keunstgersfjild.


Eardere aksjes
SDS hat yn 2015 aardich wat aksjes hân om jild byinoar te heljen en dat hat al my sa ’n €30.000,- opsmiten. 
Dêr boppe-op noch de opbringst fan sc Heerenveen – MVV en wy meie wol sizze dat it allegear goed slagge is.

Dizze aksjes hawwe wy allegear hân:

– In spesjale sponserjûn mei Erwin Zeinstra

– Grutte SDS-lotterij

– SDS-jûn as ôfslúting fan it seizoen

– SDS-feiling

– Fooienparaplu yn de kantine

– En SC Heerenveen – MVV yn Easterein!!

Wy dogge it mei syn allen!!