SDS-League: Op ‘e nij nei de Coolsingel?

Weppers tongersdei 28-4
27 april 2016
Seleksjes 30-4
28 april 2016

Dirk Stegenga mocht ôfrûne wykein al efkes wenne oan de Coolsingel mei de beker foar Feyenoord. It soe samar kinne dat hy der oer 2 wiken wer hinne kin. Mei “De Coolsingel nog in zicht” pakt hy namelijk op ‘e nij de koppsysje en stiet hy mar leafst 6 punten foar op nûmer 2, “Geniet va het bier, Eeltje Postma” fan Gert-Jan Hessels.

Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) hawwe noch 2 spylrondes om boppe-oan te kommen. Sy geane dizze wike wer in plakje omheech en steane no op it 3e en 4e plak, mar steane no 10 punten fan de koprinner. Ferline wike wie dat noch 3.

Anne en Dooitze bliuwe by harren taktyk. Noch 2 wiken goed smare!

Allert Turksma fan Willemstad pakte dizze edysje earder al in wykpriis mei “Boldert and the beautiful” en pakt dizze wike tegeare mei syn freonen Pieter Wesselius en Jesse van der Weide mei “Boldert on tour” de wykpriis. Hy moat him al diele mei Simon Bruinsma fan “vv Lollum” dy ’t ek 40 punten pakte.
“QBaard United” fan Skelte Anema komt krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis.

De reade lantearn wurdt oan ’t it ein in striid tusken “GVR” fan Feiko Broersma en “FC Winnaars” fan Tom Wijnia. SY steane no presys lyk. En lêst……..


Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 9.