Weppers tongersdei 26-3

SDS League: Flagge út by de Postma’s
25 maart 2009
Weppers freed 27-3
30 maart 2009

SDS 4,5 en 6
It is alder ferskriklikst spitich mar it fjild is te wiet om te trainen. Sa meldt ús Sipke: gjin trainen dus.

Jeugdactie
De jaarlijkse jeugdactie staat weer voor de deur. Op vrijdag  3 April a.s. kunt u jeugdleden van onze club verwachten voor de verkoop van snoep. Het geld wat hiermee verdiend wordt is uiteraard bestemd voor de jeugd, en zal worden besteedt aan de slotjûn, toernooien e.d.. Mocht u vrijdag 3 April één van onze jeugdleden aan de deur krijgen, stel ze niet teleur en koop een zakje snoep voor het goede doel. De jeugd van SDS is er erg blij mee.
De jeugdcommissie

Net traine
Hjir hienen wy net op “rekkene”:
Het trainen van de C2 vanavond om 19.00 uur gaat niet door i.v.m. de hevige regenval van vandaag!!
Met vriendelijke groet,
B. Strikwerda
Calculatie

Ek ôflast
Ek de trainingen fan C1 en D2 geane net troch.

Ôflast?
Mocht der jûn wat ôflast wurde en it moat op de webside skilje dan Aant of Willem efkes.


Nije Treffer
It sjit alwer aardich op mei de nije Treffer. As jim wat hawwe dan wolle wy dat graach foar woansdei 1 april binnen hawwe.

Bynammen
Twa wiken werom koenen jim hjir in VI-kwis dwaan mei bynammen. Wy soenen it no aardich fine as jim dizze bynammen plaatse by SDS’ers (klik hjir). Skriuw der efentueel efkes by wêrom dy SDS ‘er dy bynamme krijt. Wy sille sjen as wy dit dan yn de nije Treffer plaatse kinne. Oh ja. Ien kin fansels net oars; “Belle en it beest” binne fansels Erik en Jacob-Klaas Haitsma…….

Rabje (9)
Yn Easterein e.o. kinne sy rabje, mar yn Nijlân kinne sy der hielendal wat fan. Ate Feike de Boer giet wer fuotbaljen, Jaap Toering stiet net yn de belangstelling fan de Abramovitsj fan Nijlân, mar hawwe sy no belangstelling foar Anne Brouwer?(klik
hjir)

SDS League
De prizen fan de earste 5 wiken yn de SDS League wurde moarn oermakke. Ek wurdt dan it jild ynkasseard foar dielname oan de twadde helte.

Poiesz-jeugdsponseraksje (noch 3 dagen!!)

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

VI-kwis
De antwurden fan de Danish-Dynamite-kwis fan foarige wike steane noch net op de VI-side, mar gelokkich wist Skelte se allegear. No komt de VI mei in Skotse kwis. Wa herkent dizze Skotten(klik hjir). En nee, je kinne net ûnder de kilts sjen…….

Teste
Miskien is dit in ideetsje foar Hendrik Engbrenghof om syn fuotbalskuon ris te testen:



Letter mear!