Weppers freed 27-3

Weppers tongersdei 26-3
25 maart 2009
Seleksjes sneon 28-3
30 maart 2009

Webside
De problemen fan de webside binne noch net oplost. Dus foaral goed oplette, want ek wij wurde hieltyd ferrast.

Fan SDS  nei………
Jacob Klaas siet justerjûn memmesiel allinne oan de bar. Bij de wedstriidbesprekking wie hij net en dan giet it geruchtesirkwie fansels draaien: Jacob wurdt profesjoniel keatser en stoppet mei fuotbal, Jacob wol nei Nijlân mar dêr wolle se him net ha. Jacob kin nei WPB mar dêr hawwe se te grutte mûlen (neffens Jacob), dus dat wurdt ek neat.  Wij tinke dat hij kiest foar SMS.

Klopt net
De boppesteande berjochten kloppe net, lit Jacob Klaas ús witte. Hij hat fan de iene kollega de oerskriuwformulieren fan YVC (no noch in tredde klasser) en fan de oare kollega in kontrakt oanbean krigen fan Nijlân (no noch in twadde klasser).

Jierdei
41 wurdt hij hjoed. Wichard Deinum is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske en wij hawwe begrepen dat de ambysje om hegerop te kommen der noch altiten is.

Arjan Posthumus siket it hegerop
Arjan Posthmus hat keazen foar in karriere bij de luchtmacht. Binne inkele wiken sil hij yn Woensdrecht mei syn oplieding begjinne en sa hopet hij op den dúr yn Ljouwert wurkje te kinnen.

A1 nei Snits
A1 spilet moarn tsjin ONS. De tiid is wat feroare. Om 10.00 fuort en om 11.15 balje.

Rabje (10)
Ek Feite de Haan stiet neffens ûnbetroubere bronnen yn belangstelling fan in oare klup. Hy wit sels noch net welke. Ynkoarten sil hy fêst mear te witten komme….

Goeie set
Bij Skearnegoutum krigen se dizze wike yn de gaten dat stjêrspiler fan SDS 5 Harm Auke Dijkstra moarn mei SDS 6 nei Skearnegoutum soe om tsjin it fjirde te ballen. Om dat foar te kommen hawwe se gelyk in taktysk plan yn wurking steld. Harren rjochtsefter Jappie de Vries wurdt opoffere om dit foar elkoar te krijen.  Hij krige in wykein Huttenheugte oanbean. Mei de hiele famylje en ….mei de oansteande skoansoan.


SDS Futsal 3
It tredde fan futsal hat woansdeitejûn yn Ljouwert wûn fan Blauw Wit. Einstân wie 2-4.

Seleksjes
De seleksjes fan de senioren fan SDS kinne jim hjoed letter fine.

Keepers
SDS hat al inkelde jierren in probleem om keepers te krijen. Om ’t der gjin minsk is dy by SDS yn de goal stean wol, wurdt der no nei oare oplossingen socht(klik
hjir).

Zeerobben F3 – SDS F1
P
eter had het eerste doelpunt gescoord.
En er waren ook twee eigen doelpunten door zeerobben gemaakt.
Jelmer was heel goed en maakte de volgende twee doelpunten.
Zelf heb ik de volgende gescoord met de punt van mijn schoen.
Peter had de zesde en Kees de zevende. We hebben gewonnen met 0 – 7.
Heel goed van ons. En we hebben heel goed overgespeeld en het was wel makkelijk.
We hebben nu 2 zaterdagen vrij .Op die zaterdagen ga ik lekker zelf buiten voetballen met mijn broers.
Groettjes Wytse.

7-7
Hallo,
Op de site stond woendag (vandaag) een stukje van Tjerk van der Pol over een competitie van 7 tegen 7.
Als dit door gaat lijkt het mijn vader (Jan Tessemaker) ook wel wat.
Groeten Sieta Tessemaker.

Plaatsjes
Wie helpt Inne Heerma oan de lêste plaatsjes?
Ik moet de volgende nrs nog hebben:
Ado  002,008 en 011
Ajax, 016 en 023
H’veen , 091,094,096
Feijenoord,  046, 050
Heracles, 111, 119
Groningen, 076,077
NEC, 136
NAC, 123,
PSV, 157,160, 163,164,
RJC, 170, 180
FC Utrecht, 222
Vitesse 232
Alvast bedankt.
Groetjes van Inne Heerma, pipegaal 11 te Wommels