SDS League: Flagge út by de Postma’s

Weppers woansdei 25-3
24 maart 2009
Weppers tongersdei 26-3
25 maart 2009

De flagge kin út by de famylje Postma yn Wommels. Mark pakt dizze wike foar de twadde kear yn 6 wiken de wykpriis. Broer Henk hat krekt 2 puntsjes minder, mar stiet yn it klassemint lyk mei Mark op it twadde plakje. Sa krije sy ek gjin wurden.

’t Is grut feest by de Postma’s!!

“Tsjeard”(Halbie) stiet noch altiten op nûmer 1 en hat in foarsprong fan 6 punten op Henk en Mark. 

Dirk-Yde Sjaarda hat syn holle op it heden totaal net by de SDS League. Hy sakket dizze wike mei “Real Feyenoord” fan 3 nei 15.

Ûnderoan wurdt de reade lantearn hast eltse wike trochjûn. Dizze wike nimt Ina Brouwer it oer mei “Femme”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.