Weppers tongersdei 26-11-2020

SDS-League: “Strikky’s United” pakt de wykpriis!
24 november 2020
Trainingswedstriid
28 november 2020

Dug Out

Hjoed binne der opnames fan Sport Noord by SDS foar it programma Dug Out. De foarsitter fan SDS sil Thijs en Zwoebe in rûnlieding jaan troch de kantine en antwurden jaan op harren fragen. Snein kinne jimme it sjen by Sport Noord. Hjir kinne jim de link fine en alfêst mear oer it programma lêze.
Sport Noord

Hoe fierder?

De KNVB hat amateurklups foarlein hoe ’t sy dizze kompetysje fierder wolle as der wer fuotballe wurde mei. Omrop Fryslân gie by inkelde klups hearen hoe ’t sy der yn stean. Jim kinne it hjir lêze.

Korné

Yn Diggelfjoer, it doarpskrantsje fan Wommels stiet in nijsgjirrige rubryk oer âld Wommelsers. Wêr binne se bleaun en hoe giet it der mei?
Yn it lêste nûmer stiet Korné Boekholt, earder keeperbij SDS krekt as syn heit Jaap Boekholt. Sjoch hjir foar it ferhaaltsje.

Habtamu

Mei ADO Den Haag giet it net echt geweldich. It kin net mei dizze spilers, wit ek trainer Brood nei de 6-0 tsjin Sparta. Se sille op syk moatte nei nije spilers en no hawwe se harren each falle litten op Habtamu de Hoop. Sij witte wol dat se dy net samar út ús kontrijen wei krije kinne, mar it sil Den Haach net wêze of der is wol in politike trúk. De PvdA is ynskeakele en dy fûnen it in geweldich idee om Habtamu op nû 10 te setten fan de kieslist.  Den Haach komt dan wol hiel ticht bij….. Sjoch hjir.

Rûntsje foar de klup!


Je kinne SDS stypje troch in “rûntsje foar de klup” te jaan. Ynmiddels hawwe wy al fan mear as 25 lju wat krigen en dat is hielendal net sa gek. Lês der hjir mear oer en klik hjir om in rûntsje te jaan.

El Diego is net mear….

Eksakt 15 jier nei George Best en 4 jier nei Fidel Castro is de beste fuotballer ea, Diego Maradona stoarn. Mar moai dat ús favorite stikjesskriuwer Sjoerd Mossou der sa moai oer skriuwe kin. Sjoch hjir syn ferslach.
Ek dit stik is tige de muoite wurdich om te lêzen.

Dizze dokumentêre is noch altiten in wiere oanrieder en jûn te sjen op NPO 3..

Harsens derby (2273)

Ho!
What a finish by the….DEFENDER 😂😳