Trainingswedstriid

Weppers tongersdei 26-11-2020
26 november 2020
De SDS-kantine troch de eagen fan Dug Out.
29 november 2020

Oefenje

SDS/Nijland JO 17-2 mei spilers fan JO 15-2 oefene hjoed tsjin SDS/NIjland JO15-1. Mei in dizige loft en kâlde omstannichheden waard in boeiend potsje fuotbal op de matte lein.

JO15-1 is technysk feardich mar se wiene wat te leaf foar de gruttere en stevige jonges út 17-2 en 15-2. De 2-0 (beide Jochum Postma) foar JO17-2 foel al gau en dêrnei  wiene der oan beide kanten kânsen.

Skiedsrjochter Auke Eringa hie in makkie en hij koe lekker waarm bliuwe want it spul gie op en del.

Wij hawwe twa filmmomintsjes en wat foto’s makke.

Doelman Wessel Zijlstra hie it in fase yn de wedstriid net echt drok, dus die hij mar wat grûnoefeningen om waarm te bliuwen.

De doelline technology wie efkes nedich: NO GOAL