Weppers tongersdei 25-11-2021

SDS-League: ‘Kansloos’ pakt de wykpriis en de kopposysje!
24 november 2021
Weppers freed mei seleksjes
26 november 2021

SDS seal bynt ek GAVC 4 oan de segekarre

Foar de mannen fan SDS seal 1 lei de focus fannejûn net op Ajax, mar by de wedstriid tsjin GAVC 4. Dizzen stoenen op nul punten, mar hieden noch mar twa wedstriiden spile.
Ek hjoed hold it by de tsjinpartij net oer, se spilen sunder wissels en skeenbeskermers.
Dat lêste is sinds koart ferbean, mar de skeids wie gelokkich de moeilijkste net en om 21:00 rôlle de bal yn de sporthal. SDS wie de opkomst sa os gewoanlik wer heech en waard d’r oantreden mei in selectie besteande út Jacob Jan, Pieter, Tjitse, Sjoerd, Frans, Steven, Mark en Douwe Jan. Yn in pear minuten lei de bal echter al efter Frans yn de goal.
Sds gong fanatiek op syk nei de gelykmakker en Sjoerd sjitte yn de 15e minuut fertsjinne de 1-1 binnen. Yn it ferfolch fan de eerste helte bleau Sds de bettere ploech, mar gong it mei in 1-1 stân de rust yn.
De twadde helte wie it beeld fan de wedstriid itselde: Sds foel oan en GAVC probeare mei man en macht en sa no en dan in oertreding de goal leech te halden. Dit slagge aardich, seker no’t Sds har kansen net ôfmakke.
Gavc hie echter net rekkening halden mei it geheime wapen fan Sds, namelijk Mark Klijnsma. Op it fjild stiet hy foaral op de goal, mar yn de seal is hy ferantwurdelijk foar de doelpuntenproductie. De rossige spits wist yn de 35e minuut de goal te finen nei in slim baltsje fan Tjitse en sette de 2-1 op it skoareboerd.
De sfeer fan de wedstriid waard steeds grimmiger en úteindelijk moest in spiler fan Gavc mei giel it fjild ferlitte. De fierder goed leidende skeidsrjochter makke d’r dêrnei al gauw in ein oan.

Al mei in al swier befochten, mar seker terochte en moaie oerwinning foar Sds, dat mei 11 út 7 no it 4e plak op de ranglijst ynnimt.
Douwe Jan

Kistemaker

It sil jim net ûntgien wêze dat âld trainer Simon Kistemaker dizze wike ferstoarn is. Op 17 novimber 2017 wie hij op in sponserjûn bij SDS. Neist him sit Okke van der Kamp in goeie freon fan him.