SDS-League: ‘Kansloos’ pakt de wykpriis en de kopposysje!

SWZ Sneek 1 wint flatteard mei 4-1 fan SDS 1 en pakt de perioadetitel
23 november 2021
Weppers tongersdei 25-11-2021
25 november 2021

Bas van der Weij hat ferline wike blykber in flinke booster hân! Man, man, man! Bas makket dizze wike namelijk in flinke klapper mei ‘Kansloos’. Mei mar leafst 68 punten pakt hy de wykpriis en de kopposysje. Hy stie 4e en giet no mar leafst 9 punten oer koprinner ‘COVID-11’ Dirk Stegenga hinne.

Bas yn de wurkpleats wêr hie oant yn de lette oerkes oan syn team sleutele hat.

Der binne noch 6 spylrondes te gean, dus as je foar de prizen gean wolle dan moatte je der no al by wêze.
Matthijs Postma docht goeie saken troch mei 60 punten mei ‘Vrijdagavond Feest’ fan it 6e nei it 4e plakje te gean.
Wy ferwachte yn de lêste wiken foaral wat fan ‘Op naar de top’ fan Gerlof-Jan Hofstra, ‘Torpedo Toering’ fan Jaap en ‘2 minuten klaar’ fan Anouk Delfsma. Sy stoarmje alle trije de top 10 binnen dizze wike.

Nei de wykpriis fan ferline wike hat ‘De beste tipper út Jorwert’ op ‘e nij in knappe wike mei 56 punten. It levert Anne-Jan Hallema wer in pear plakjes omheech op, mar hy stiet noch altiten mar 25e.

Stefan van der Velde ‘Stefant’ stadich oan hieltiten mear oan op de poedelpriis. Hy stiet noch altiten nûmer lêst mei ‘Moast dy bal foArjan” en hat 13 punten efterstân op nûmer ien nei lêst ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber.

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 9