Weppers freed mei seleksjes

Weppers tongersdei 25-11-2021
25 november 2021
Sneon 27-11-2021
26 november 2021

Sûnder publyk

Sneon 27 novimber 2021 sil de boeken yn gean as in fuotbaldei sûnder publyk.  Noch altiten sitte wij mei allegear rigels dy’t ferbiede dat der publyk efter it stek stiet nei it fuotbal te sjen. Ek de Bunnikside bliuwt wer leech. Moai dat Klaas Overal it strewelleguod wat koartwykt hat tusken it parkearterrein en it fjild, sadat hy dêr oer hinne sjen kin. Dêrneist binne der wat Koronatsjekapptsjekmelders oansteld. Sa kinne der dochs noch wat lju nei it baljen sjen. It kin nei moarn samar wer foar in skoftke gebeurd wêze……..

Kantine

Wylst wy as feriening net ien bûten slúte wolle binne ek wy ferplichte om te kontroleren op de QR-koade yn de kantine……. De kantine is allinnich iepen foar fuotballers en frijwilligers mei in funksje.

SDS 1 – CVVO 1

Om 14.30 sûnder publyk lâns de line nimt SDS 1 it op tsjin CVVO út de Lemmer. It wurdt wer tiid foar wat punten , dus set him op.
Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere ferwachte foar de bespreking:
1 Jaap ©️
2 Luuk
3 Erik
4 Gerwin
5 Jelte-Pieter
6 Remco
7 Peter
8 Wierd
9 Lourens
10 Pieter
11 Teun
12 Wiebe
13 Douwe Jan
14 Luka
15 Sjoerd
16 Wesley
17 Mark
De pupillen fan de wike binne: Jort Kronemeijer & Ben Fritsma

Wedstriidsponsers

Sneon binne der wer twa wedstriidsponsers bij SDS 1, wêr’t wij tige wiis mei binne.

SDS VR1 – Balk VR 1

Om 12 oere nimme de froulju it op tsjin Balk VR1. De gasten hawwe 13 punten. SDS wachtet noch op it earste punt.
De seleksje: Petra, Richtsje, Marrit, Kirsten, Marit, Elske, Femke, Larissa, Seriette, Hester, Fenna, Annemieke, Alissa en Lysanne.
Sy wurde om 10.45 oere op it sportpark ferwachte.

ONT 2 – SDS 2

SDS 2 giet nei de Pein om om 12.30 oere te fuotbaljen tsjin ONT 2. At wij oan skoarebordsjoernalistyk dwaan soene, kinne wij sizze: dat moat kinne.
De seleksje: Mark, Anco, Sjoerd, Douwe, Arjen, Bauke, Ewout, Jort, Jurjen, Kevin, Lieuwe, Robin en Sietse.
Jesse sil mei as koach. Rick hat in ATV-dei. Klaas de Haan kin net flagje y.f.m. in swypslach. Der wurdt drok socht om in oare flagger.
Sy fertrekke om 11.00 oere.

sc Stiens 3 – SDS 3

Om 12.30 oere sil yn alle stilte de wedstriid sc Stiens 3 tsjin SDS 3 plakfine. Dizze seleksje fertrekt om 11.15 oere út Easterein.
De seleksje: Peter, Eeltsje, Tom, Wessel, Wiltsje, Anne, Bote, Habtamu, Inne, Jelmer, Jildert, Piter, Ralph en Watze-Jacob.

sc Franeker 7 – SDS 4 g.n.t.

Om 15.00 oere soe SDS 4 it opnimme tsjin sc Franeker 7. De mannen hawwe fan alles útsein it fuotbaljen hjoed op de aginda stean…… Mei 3 man kinne je net balje. De wedstriid wurdt fersetten…

SDS 5 – LAC Frisia 4

SDS 5 sil it sneon thús opnimme op it B-fjild tsjin LAC Frisia 4. Om te foarkommen dat it te donker wurdt sil de wedstriid al om 14.00 oere spile wurde. Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere yn de boks ferwachte:
De seleksje: Harm D, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Henk, Jan-Simon, Jentsje, Kerst, Klaas, Peter, Syb, Niels en Willem.
Blêdblazer Klaas Overal sil flagje.

Ynhelje

De wedstriid tusken vv Scharnegoutum 1 en SDS 1 dy’t ferline wike net trochgie sil ynhelle wurde op tiisdei 7 desimber om 20.00 oere yn Skearnegoutum. Al sil it nei de parsekonferinsje fan jûn wol wer fersetten wurde moatte……………… nei 15.00 oere middeis. 😉

Harsens derby (2328)

De spitsen fan SDS komme dreech ta skoren, mar dit moat dochs slagje soenen je sizze……..