Weppers tongersdei 23-8-2018

Weppers tiisdei 21-8-2018
21 augustus 2018
Weppers freed 24-8-2018
24 augustus 2018

In skiedsrjochter derby!

De skiedsrjochterkommisje, yn de persoan fan Dennis Vinke, is der yn slagge om in skiedsrjochter by it SDS-skiedsrjochterkorps der by te krijen. Joop Wittermans, fan herte wolkom!

Goals opromje!

It is moai dat elkenien nei it trainen de goals oprommet. It soe noch moaier wêze as de goals wat netsjes opromme wurde. Dus net sa.

SDS 3 & 4 traine yn Wommels

SDS 3 & 4 sille jûn foar in kear efkes yn Wommels traine op it skopfjild. Sy begjinne rûn 20.00 oere. Hooplik is it gêrs wat koart. Oars moat Pieter-Lieuwe it earst mar efkes meane.

Komplete seleksje?

SDS 1 spilet sneon om 14.30 oere thús tsjin VVI 1. It liket der op dat de A-seleksje sneon aardich kompleet is. Sy binne yn elts gefal mei 18 man. Allinnich Matthijs is der net. Nije wike sitte der 5 man fan de A-seleksje yn Albufeira. Sy soenen de draafskuon al meinimme;)

Traine yn de tún fan de foarsitter!

By Willemsoord is it trainingsfjild sa min dat sy no traine yn de tún fan de foarsitter (sjoch hjir). Mocht it by SDS ek minder wurde mei it trainingsfjild dan is der gjin mooglikheid om by de foarsitter fan SDS te trainen………. Dat is namelijk net ‘Willems-oord’ mar ‘Richts-oord………. 😉

 

Harsens derby (2042)

Knap oannaam!

 

Letter miskien wol mear!