Weppers tiisdei 21-8-2018

Weppers snein 19-8-2018
19 augustus 2018
Weppers tongersdei 23-8-2018
23 augustus 2018

Sietske Okkema giet wer fuotbaljen!

Sietske Okkema hat har opjûn om by SDS te baljen. Sy hat earder ek by SDS vr.1 fuotballe. No begie it wer te kribeljen en hat sy de skuon wer út de wylgen helle. Wy binne hjir tige wiis mei lykas Vr.1!
Wolkom werom, Sietske!

Oefenwedstriid: Makkum 1 – SDS 1

SDS 1 oefent jûn om 20.00 oere út tsjin Makkum 1. Trainer Douwe Posthuma nimt mar leafst 22 man mei om optimaal oan de earste oefenwedstriid te begjinnen. Dizze twa teams fan 11 gean mei:
Gertjan, Luuk, Jacob-Klaas, Marco, Remco, Wiebe, Matthijs, Erik, Hendrik, Habtamu en Lourens.
Jaap, Bauke, Gerwin, Frank, Watze, Wierd, Steven, Ewout, Wesley, Stan en Tjitse.
Dennis Vinke is mei as assistent-skiedsrjochter.

Sneon oefenwedstriid SDS 1 – VVI 1

Kommende sneon oefent SDS 1 om 14.30 oere thús tsjin VVI 1. Dhr. Hazelhoef út de Jouwer sil de wedstriid fluitsje.

Kantinefrijwilligers socht foar kommende sneon

Ofrûne sneon wie mei de oefenwedstriid Leeuwarder Zwaluwen 2 de kantine net iepen. It wie net slagge yn dizze fakansjetiid om hjir frijwilligers foar te finen. De ôfspraak is dat de Skoalleseize dit foar it hiele fuotbalseizoen regelt op sneon yngeande op 1 septimber en SDS by oefenwedstriden troch de wike of foar 1 septimber. Foar sneon binne wy noch op syk nei frijwilligers dy ’t efter de bar stean wolle. Wa soe dit sneon dwaan wolle? Mail nei info@vv-sds.nl of nim kontakt op mei ien fan it bestjoer.

SDS’ers op de Frouljus-PC

Moarn is de PC foar froulju yn Weidum. Fan SDS Vr.1 dogge der dit jier twa froulju mei. Jeska Terpstra stiet as partoer 11 op de list en no ’t Sietske Okkema wer fuotbaljen gien is hawwe wy der lyk in favoryt by. Sy stiet mei partoer 2 op de list. Fierderop de list sjogge wat noch wat dochters fan SDS’ers lykas Sjanet fan Jappie Wijnia, Martzen fan Wichard Deinum, Tineke fan Tjeerd Dijkstra en Martine fan Ype Tiemersma. Súkses allegear! Sjoch hjir foar de hiele list!

Harsens derby (2041)

SDS 1 is al twa wiken oan it trainen op frije trapen. Benijd as it jûn slagget!