Weppers tongersdei 21-5

De grutte SDS-feiling!
19 mei 2015
Weppers freed 22-5
22 mei 2015

SDS-jûn: Opjaan foar de barbekjoe!
Hasto dy al opjûn foar de barbekjoe op de SDS-jûn? Doch dat dan gau hjir, want de “fegetariërs” fan SDS 1, Jelmer, Erik en Jacob-Klaas hawwe dit al lang dien.



Hoe komt it mei de fuotbalfroulju fan SDS?
Omdat der sa’n 26 froulju binne wurdt der foar it seizoen 2015-2016 keazen foar een 11tal en een 7tal. It soe moai wêze at der noch minimaal 6 bijkomme dan wurde it der 2 keer 11.
De foarlopige seleksjes wurde bekend makke nei de lêste training op 27 maaie. De definitiefe wurdt bekend makke nei de 3 bekerwedstriiden, dit sil begjin september wêze.
TK-SDS

SDS-feiling
Sneon 30 maaie op de SDS-jûn is der ek de SDS-feiling. Der binne al aardich wat nijsgjirrige kavels ynbrocht. Sa steld Anne Brouwer in fustje bier ter beskikking. Dit mei leech makke wurde yn de Jimbar. Der binne fêst SDS-teams dy ’t hjir wol belangstelling foar hawwe:

Heit-soan C1

Heiten en soannen, dat wie juster de striid bij C1. Op it sinnige fuotbalfjild yn Wommels waard lekker balle.
Op de foto is in fantastyske foarset fan Durk Klijnsma in maklike proai foar Mark Klijnsma.

SDS-League
Normaal sprutsen soe jûn de einstân fan de SDS League bekend makke wurde. Dat dogge wy allinnich net. Dizze bewarje wy moai oan ’t de SDS-jûn fan nije wike. Dan kin de winner lyk it prizenjild ynsette by de feiling.

SDS-keunstgerslotten bestelle?
Je kinne noch altiten lotten foar de keunstgersaksje bestelle fia dizze webside. In lot kostet €10,- en de haadpriis is €3000,-. Wa kin dat no net brûke? Dêrneist is de kans gans grutter om by SDS wat te winnen as by de Staatsloterij.

It jild fan de SDS-keunstgerslotten ynleverje!

Fierwei it grutste part fan de SDS’ers hat syn jild fan de keunstgerslotten al ynlevere, mar noch net eltsenien.
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Graach dizze wike sadat wy ús hielendal rjochtsje kinne op de SDS-jûn nije wike!

Harsens derby (1504)
Sjoerd van Beem is foar de neikompetysje spesjaal oan it oefenjen op syn útsmiten: