De grutte SDS-feiling!

Weppers tiisdei 19-5
18 mei 2015
Weppers tongersdei 21-5
20 mei 2015

Op de grutte SDS-jûn op sneon 30 maaie hawwe wy net allinnich in barbekjoe, mar is der ek in SDS-feiling.
Jim koenen der hjir earder al wat oer lêze. By sa ’n feiling heart fansels ek in feilingmaster. Dat moat ien wêze dy ’t hiel wat yn syn mars hat. Hy moat de minsken bespylje kinne, tûk wêze en doare beslissingen te nimmen.
Wy binne dan ek tige wiis mei:
Skelte Anema


Skelte mei syn “assistente”

Foar de SDS-feling hawwe wy al ien en oar binnen, mar as jim noch wat witte of hawwe dan meie jim dat ús wol witte litte fia de mail.
Mail dan nei
info@vv-sds.nl
It mei fan alles wêze.
Hawwe je b.f. noch kaartsjes lizzen foar in konsert of bistetún, liket it je wat om by ien in moanne it gers te meanen of in jûn foar lju te iten sieden jou it oan!
Sjoch foar ideeën ek mar ris by in pear
 de feilingstikken dy ’t wy al hawwe.
Wy hawwe noch mear, mar dy sjogge jim miskien letter fan ‘e wike!

Klik hjirûnder op de feilingmaster!




Jim meie ek wol fêst biede op bygeande stikken troch in mailtsje te stjoeren nei info@vv-sds.nl!