Weppers freed 22-5

Weppers tongersdei 21-5
20 mei 2015
Utslaggen 23-5
22 mei 2015

SDS-jûn: Opjaan foar de barbekjoe!
Hasto dy al opjûn foar de barbekjoe op de SDS-jûn? Doch dat dan gau hjir, want de “fegetariërs” fan SDS 1, Jelmer, Erik en Jacob-Klaas hawwe dit al lang dien.



Efkes Balje

Dizze wike folop striid bij de heiten, trainers (en oaren) fan C1 spilers (de heiten ferlearen ).Wij binne benijd at de hearen van der Pol, de Boer en Heerma genôch hersteld binne om jûn wer in boppemjittige prestaasje te leverjen op it Efkes Baljen. 19.30 en at de wyn goed is, soe der best wol in
stikje muzyk meispylje kinne.

Programma
It is moarn foar in grut tal teams de lêste wedstriid, wylst sommigen ek nije wike wer meie.
It folsleine programma mei de skiedsrjochters kinne jim
hjir sjen. Ek yn Wommels wurdt der moarn wer balle.

Keunstgers

It swimbad yn Wommels  is dizze winter en dit foarjier alderaardichst opkreaze. Hjoed waard it keunstgers lein en it swimbad twittert: Wij hawwe it keunstgers al lizzen. Der binne in pear stikken oer, dy mei SDS wol ha……

Marco-Lykele
Moarn de finale striid tusken Scharnegoutum en TOP foar in plakje yn de fjirde klasse. TOP wûn de earste wedstriid mei 1-0.

Rocknacht
Sneontejûn in alderaardichst programma yn de feesttinte krekt bûten Easterein. In “hiele beste” tribute band fan ACDC út Belgie sil Highway to Hell en
Thunderstruck oer it Fryske lân útgalmje, wylst Hûnekop fêst mei Jappie lâns denderjen komt.  Let op:  ACDC begjint al om 21.30 oere,  it liket ús seker de muoite wurdich.

SDS-keunstgerslotten bestelle?
Je kinne noch altiten lotten foar de keunstgersaksje bestelle fia dizze webside. In lot kostet €10,- en de haadpriis is €3000,-. Wa kin dat no net brûke? Dêrneist is de kans gans grutter om by SDS wat te winnen as by de Staatsloterij.

It jild fan de SDS-keunstgerslotten ynleverje!

Fierwei it grutste part fan de SDS’ers hat syn jild fan de keunstgerslotten al ynlevere, mar noch net eltsenien.
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes yn by;
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Graach dizze wike sadat wy ús hielendal rjochtsje kinne op de SDS-jûn nije wike!

Harsens derby (1505)
Knap binnenkopt!!



Letter miskien mear!