Weppers tongersdei 19-11

Doch dyn dream!
18 november 2015
SDS siket keunstgers!
19 november 2015

Traine
Foar de boksen kin net traind wurde.

Seal: SDS 1 krekt ûnderút
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster mar krekt mei 3-2 ferlern fan Blauw-Wit ’34 16 yn Easterein. Johan Delfsma fluite de wedstryd om ’t de KNVB net ien leverje koe. Sjapoo! It wie mar goed dat Geert Dijkstra de tiid en it skoreboerd betsjinne;
“Spannende pot met 2-3 verloren maar o wat had ik graag 5 minuten door laten spelen!!”
Johan Delfsma op Twitter


Oefene
SDS 1 hat tiisdeitejûn oefene tsjin 4de klasser Dronrijp. De einstân wie 0-0 .

Programma
Kommende sneon in lyts ynhelprogramma. Mei in protte thúswedstriden
. Sjoch hjir.

Keunstgers
Sneon sille guon SDS’ers mei guon fan de Skoalleseize en Antea Fryslân troch om wat keunstgersfjilden te boardielen. Letter hjoed mear dêr oer.

Bartsjinst
Jûn hat Auke-Jetze Kroondijk bartsjinst yn de kantine. As de trainingen efter de sporthal wat trochgean dan kin it noch wolris drok wurde. It is fêst gjin waar om nei hûs ta.

Lokwinske!
Wy winskje Sjoerd Rispens in hiel soad lok ta mei syn jierdei! Hy is eindelijk hast 30 wurden! Fan herte!


Harsens derby (1628)
Dizze nûmer 10 mei wolris faker nei nûmer 100 te pisjen…….