SDS siket keunstgers!

Weppers tongersdei 19-11
19 november 2015
Programma en seleksjes
20 november 2015

De ôfrûne wike hawwe wy mar wer sjoen dat SDS nedich oan in keunstgersfjild ta is. In soad trainingen koenen dizze wike net trochgean en mei keunstgers hie dat dochs oars west.

De keunstgerskommisje hat mei help fan jim dit jier €30.000,- binnen helle en SDS leit ek €30.000,- yn. Foar de rest hat de Gemeente Littenseradiel jild beskikber steld. De Skoalleseize is op dit momint drok dwaande om it finansjele plaatsje rûn te krijen. As alles neffens skema rint dan sil der oan it ein fan it fuotbalseizoen lyk los gien wurde mei de oanlis fan it keunstgersfjild. Keunstgersfjilden wurde meast yn de simmer oanlein y.f.m. mear kans op wis waar.

Foar it safier is moat der noch in geskikt keunstgersfjild útsocht wurde. Der is op it heden in ferskaat oan keunstgers te krijen en de keunstgersfjilden fan no binne al net mear te fergelykjen mei dy fan inkelde jierren werom. Kommende sneon sille guon fan de Antea-Group, dy ’t it B-fjild ek oanlein hawwe, lju fan de Skoalleseize en guon SDS’ers by wat keunstgersfjilden del. Sy sille yn elts gefal nei de keunstgersfjilden fan Be Quick Dokkum, ONT en Sint Anne.
Op dy fjilden sil sneon fêst fuotballe wurde;)