Doch dyn dream!

SDS C1 op reis!
17 november 2015
Weppers tongersdei 19-11
19 november 2015

Skelte Anema fan SDS 1 is drok dwaande om jild yn te sammeljen foar de stichting Doch dyn Dream.
Op dizze webside kinne jim der alles oer lêze.
Wy wolle Skelte, Wytske en Jelle hjir graach by helpe en hoopje in soad minsken te berikken troch it hjir op de SDS-side te pleatsen.

Bêste freonen, stipers, muzykleafhawwers en alle oaren,

 

Ferline kear wie der te min dielname om it troch gean te litten. Dêrom besykje wy it no nochris:

By dizze wolle wy jimme útnoegje foar in feestjûn yn de kelder fan de Wjukken yn Mantgum op  
snein 29 novimber, fanôf 16.00. 
De band Lazy Lads komt hjir dan spyljen!
Lazy Lads mei frontman Lody Franzen dy’t in stim hat dy’t ús tinken docht oan John Fogerty fan CCR!

 

Dizze jûn wurdt organisearre om jild yn te sammeljen foar Stichting Doch Dyn Dream. Dizze stifting is jim fêst bekend, 2 jier werom troch Wytske oprjochten. Ein foarich jier ha Skelte en Wytske der west en in stik grûn oankeapje kinnen. Noch net lang lyn is der úteinsetten mei de bou fan de earste lokalen. De muorren stean mar foar it reinseizoen soe it fijn wêze as it dak der dan ek op sit.

Hjir is fansels jild foar nedich en wat is der no leuker as it ‘nuttige met het aangename’ te kombinearjen?

 

De kosten binne €30,- euro alles ynlusyf. Foar dat jild ha jim in fantastyske jûn mei live muzyk, hapkes en drankjes en de folsleine opbringst fan dizze jûn sil nei it bouwen fan de skoalle yn Kenia gean!

 

Wolst wis wêze fan in plakje op dûnsflier? (ek yn ferbân mei ynkeap wol handich.)
SMS/Whatsapp de koade KENI AAN mei dyn namme nei 06 30814902.

 

Graach oant snein 29 novimber, 16.00 yn de Wjukken yn Mantgum! 

Groeten,

De benefytkommisje (Wytske, Jelle en Skelte)

 

www.dochdyndream.nl