Weppers tongersdei 18-4-2019

SDS-League: ‘Brouwerpower’ pakt wykpriis!
17 april 2019
Weppers freed 19-4-2019
19 april 2019

Peter Hoogerwerf (wer) nei SDS

De earste oanwinst foar folgend seizoen is binnen! Peter Hoogerwerf spile jierren by SDS yn de jeugd en komt nei in útstapke nei ONS JO19 kommend seizoen de A-seleksje fan SDS fersterkjen en hjir binne wy tige wiis mei!
Peter fuotballet no by ONS yn de JO19-1 en stiet binnenkoart yn de heale finale fan de beker. Sy moatte op 30 april út tsjin GVAV JO19-1.
ONS JO19-1 spilet 4e-Divisie en hat de 2e-Perioade pakt.

Mei de bus nei Willemsoord!

Kommende sneon fertrekt om 12.30 oere de bus út Easterein om nei de wedstriid Willemsoord 1 – SDS 1 te gean. Der binne noch in pear plakjes frij. Jou je no hjir op of hifkje by Willem Wijnia.

Toppers mei drop


De fammen fan MO15-1 hawwe justerjûn harren dropjûn hân. Nei de suksesfolle ferkeap wie der efkes in momint fan tefreden werom sjen en jild telle….. Dat koe gewoan op it parkearterrein bij de Skoalleseize

Bankje

En no mar hoopje dat hij sneons gewoan op de Skoalleseize omdangelt en net syn eigen bankje opsiket. Sjoch hjir

De swan

No’t wij it dochs oer de man mei syn eigen bank ha, noch in aardige 4de helte fuotbalanekdoate wêr’t hij ek in rol yn spile. Sjoch hjir

Stân fan saken

Noch wat tuskenstanden yn de ranglisten fan de teams fan SDS. Sjoch hjir.

Kantine iepen, kantine ticht

Sneontemoarn is de kantine efkes iepen foar de wedstriid fan SDS JO9-1 tsjin Terschelling JO9-1 om 10.00 oere. De rest fan de dei is de kantine ticht om ’t der fierder ek gjin thúswedstriden binne. De Skoalleseize pakt dizze dei op om grutte klussen te dwaan.

Hurddrave


De ronde fan Súdwest Fryslân mei in moai twadde plakje foar Luka (van der) Weg.

Lokwinskhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhhh!!

Jan-Simon Jelsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2128)

Wat in technyk!

 

 

 

Letter miskien wol mear!