SDS 1 hat mar ien ploech yn de kompetysje wêrbij se de grins oer moatte. Sneon stiet op it programma de wedstriid Willemsoord 1- SDS 1. De seleksje hoecht it net allinne te dwaan dizze middei, sij krije stipe fan in pear hannenfol supporters dy’t harren noflik ride litte nei Willlemsoord, dat sa ticht bij de grins leit dat je gewoan yn it heitelân pisje kinne.
De seleksje dy’t it sportive diel foar harren rekken nimme sil en om 12.00 oere yn de bestjoerskeamer ferwachte wurdt:
Jaap Toering, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jelmer Posthumus, Lourens van der Pol, Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Remco Hylkema, Wiebe Heeres en Wierd Hofstra.
Jacob-Klaas Haitsma hat him krekt blesseard ôfmelden. Ewout de Boer is al langer blesseard.
It twadde en tredde fan SDS hienen ek hast mei in bus kinnen want se soenen beide fuotbalje moatte yn Jiskenhuzen. It twadde om 12.45 tsjinne harren twadde en it tredde om 12.15 tsjin harren tredde. Om ’t de wedstriid fan SDS 3 krektlyn ynlast is en de fuotballers fan SDS 3 it peaskewykein al oars ynfuld hienen hawwe sy te min fuotballers en kin de wedstriid fan SDS 3 tsjin VVI 3 net trochgean.
Dizze seleksje fan SDS 2 fertrekt om 11.00 oere nei Jiskenhúzen:
Gertjan Bootsma, Bauke Dijkstra, Jorrit Hofstra, Watze-Jacob van der Wal, Arjen Los, Anne Stenekes, Feite de Haan, Jesse van der Weide, Jildert van der Werf, Jort Strikwerda, Jurjen Los, Lieuwe Vriesema, Niels Hazewindus, Sjoerd en Tjeerd de Vries.
Riders: Sjoerd, Lieuwe, Jesse en Gertjan.
Ald-SDS’er Mark Postma hat mei syn Anita in lytse poppe krigen; Esmee! Fan herte lokwinske!
Jou dy no hjir op!
Ho!
When you’re desperate to stop the goalkeeper taking a quick goal kick 🤣🤣
(🎥 Tommy Phillips) #SundayLeague pic.twitter.com/Gwu5Ms8d0k— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 19 april 2019