Weppers tongersdei 16-8-2018

Gekke goals!
14 augustus 2018
Meane en dan Efkes Balje
18 augustus 2018

SDS Vr.1

De froulju fan SDS Vr.1 sille kommende moandei ûnder lieding fan trainer Stefan van Krimpen foar it earst wer traine foar it nije seizoen.

SDS 2

De earste oefenwedstriid fan it seizoen wurdt sneon om 14.30 spile yn Easterein. SDS 2 ûntfangt Leeuwarden Zwaluwen 2

SDS JO15-1

Boudewijn Kramer sil kommend seizoen SDS Jo15-1 ien kear yn de wike triane. Sy begjinne tiisdei foar it earst te trainen om 18.00 oere.

Waarmannen

Bij FC Utrecht dogge se krekt of binne se harren tiid fier foarút at je dit berjocht lêze. Wij tinke dêr hiel oars oer.  SDS hat al sûnt de de jierren 60 twa waarmannen: Philippus Hingst en Rients Smit. Oan harren kinne je sjen hokker waar it wie, is en wurde sil. At Philippus in paraplu bij him hat dan giet it net reinen, at der ûnwaar op komst is, sjochst Phillipus net want hij kin ôfgriislik geniete fan dy flitsen efter yn syn eigen tún. At Rients en Philippus de koarte broek oan ha dan bliuwt it dagen boppe de 30 graden en hat Rients de hân yn de linkerbûse dan krije wij meastal nachtfroast. Hat er beide hannen yn de bûse dan is it al kâld……

SDS-League

De transfermerke is yn Nederlân noch iepen oant 1 septimber. Dat betsjut dat wy dan gau los kinne mei de nije SDS-League. De nije teams moatte dan ynlevere wurde foar sneon 15 septimber om 19.00 oere. Gean der mar fêst foar sitten!

Harsens derby (2041)

Mocht Pieter-Lieuwe dit jier gjin slidings meitsje kinne om ’t hy lêst fan de foet hat dan docht hy it dochs gewoan sa!

 

Letter miskien wol mear!