Meane en dan Efkes Balje

Weppers tongersdei 16-8-2018
16 augustus 2018
Weppers snein 19-8-2018
19 augustus 2018

Wylst de reuzen harren deljûn hiene foar de sliep, wylst de sylleafhawwers noch oan it bekommen wiene fan it spektakel op de Snitsermar, setten 11 fuotballeafhawwers fol goeie moed nei it gemeentelik sportpark yn Wommels. It foar in heale dei foar de Freulepartij brûkte fjild lei der prachtich bij dochs…..
Doe’t de earste leafhawwer oankaam wie dúdlik dat it meanen op in leech pitsje stien hat dizze wike. De tredde snee stie klear. In  as grapke bedoeld berjochtje nei Ferrie Korbach  yn Itens, dy’t krekt yn syn bolide stappe soe, dat hij de meanemasjine better mar meinimme kin, waard  realiteit.

En sa barde it dat it opwaarmjen efter de meanmasjine barde. De nûmer 9 (Torres) begong en lei de kontouren fan it fjild út.  Mei 11 man moast der in aardich fjild útlein wurde.  Dêrnei waarden der ek oaren ynset en om it wat echt lykje te litten, waarden de gemeentehesjes oandien, foar de feilichheid fan elkenien, want de gong siet er flink yn.

Mei in oantal goeie wiksels waard it fjild yn 23 minuten en 40 sekonden spylklear makke en koe der 5 tsjin 6 spile wurde.  Omdat de gemeentehesjes sommige sa moai stiene, bleaunen dy yn de wedstriid oan.  It waard in spannende striid mei de 5 hesjesploech dy’t úteinlik oan it langste gers lutsen en de grutte partij wûnen mei 17-15. De “twa doelpuntenten út partij”waard yn ôfwiking fan oars in “twa doelpunten ferskil” finale. Ek dy winst kaam terjochte bij de ploech dy’t it measte meanwurk dien hie. Dat wie in moai gebaar fan de hesleazen.

Oranje: Ferrie, Menno, Anco, Wouter en Folkert Rients
Oaren: Theo, Wybren, Remco, Johan. Harm en Aant