Weppers tongersdei 14-8

Weppers woansdei 13-8
12 augustus 2008
Weppers freed 15-8
15 augustus 2008

Te min
Jûn binne der te min dames dy’t fuotbalje kinne tsjin Tsjom. De oefenwedstryd giet dus net troch.

Ekstra training
Om’t SDS 2 sneon net hoecht is der in ekstra training ynlast. Freedtejûn traine sy om 19.00 yn Easterein. Eltsenien fan de B-seleksje is hjirby útnoege.

Utnoeging
Lieders en trainers fan jeugdalvetallen binne útnoege foar in gearkomst op tiisdei 19 augustus om 19.30 oere.
De folgende punten sille oan de oarder komme:
– Kennismaking
– Uitreiken elftalindelingen
– Doornemen competitie indelingen en wedstrijdschema
– Scheidsrechters
– Uitreiken materiaal
– En natuurlijk het beantwoorden van vragen 

Ungemakje
It kleurde justerjûn nochal read op de stoepe foar de kantine. Thor Ruiter fan B1 soe efkes oer it stek klimme om in bal te heljen, mar murk dat dy pylken der net foar neat op sitte. Dy binne bedoeld om minsken tsjin te hâlden. Thor syn hân rekke hielendal iepen en Willem Twijnstra moast efkes mei him nei Loor om te hechten. Neffens Thor syn eigen sizzen komt it allegear wer goed.

Liedersfront
Wij hawwe wer goed nijs fan it liedersfront: Hendrik de Jong en Jan Rinse Blanksma sille B1 sneons koache. Prachtich!

SDS 2 wint
SDS2 hat de oefenwedstryd tsjin Bolswardia 2 mei 4-0 wûn. Doelpunten wiene der fan Dennis, Hjalmar(2x) en Pieter. Spesjaal oan it doelpunt fan Pieter wie dat it syn earste goal yn syn earste wedstryd is nei hast in heal jier blesseard west te wêzen.

Probeare
Út Ljouwert krigen wy berjocht fan ien dy ’t it wol sitten sjocht om sneon mei te dwaan by SDS 1 tsjin ONS 1:
Wol it wel probeare mar dan moat Aant gjin foarsetten jaan !!
Succes !!!
Marcel Frankena

Beste Dick
It muoit mij tige, mar ik kin sneon perfoarst net. Sit op kursus foarsetten jaan. Miskien kin Marcel wol mei dwaan dan. Hoechst foar him gjin opstelling te meitsjen. Hij draaft dochs mar wat hinne  wer. Links rjochts foar efter en at de bal yn de buert komt dan giet er meast lizzen.
Groetnis Aant

Froulju ek los

Tsjipke Klaas Okkema is woansdei ek úteinsetten mei it trainen fan de froulju. En entoesjast dat se wiene……


It balkearen sûnder wanten foel noch net mei….

Harm ek wer aktyf

SDS 3 trainde jûn ûnder lieding fan Harm Abma. Moai dat er werom is op it no noch griene gers fan it trainingsfjild.

Lowlands
Foar degene dy ’t it net sitten sjocht om sneon by SDS 1 te fuotbaljen hawwe wy noch wol in oare opsje. Freed begjint Lowlands en der is noch ien kaart oer. Je krije in wykein mei alles derop en deroan; sliepe nêst Jelte de Boer, drek, taco’s, Alphabeat, motrein, Dropkick Murphys, in pear gleskes fris, Volbeat, Hema-woarsten, it 24-oerskafé, Heavy Metal in Baghdad, twa dagen oan de skiterij, N*E*R*D, net folle sliep, in skoalle sâlte hearring, ôfskite yn de tinte en noch folle mear. Belangstelling? Sorry, de lêste kaart is krekt ferkocht…….