Evenementen in december 2022

Weppers tongersdei 14-8
13 augustus 2008
Weppers sneon 16-8
15 augustus 2008

SDS 3 net yn aksje
Sneon 16 augustus soe SDS 3 nei Starum om tsjin QVC te spyljen. In bekind SDS probleem is ek in QVC probleem. Sij hawwe te min spilers. SDS 3 spilet no tiisdei 19 augustus tsjin QVC. Dat is om 20.00 oere dus yn de twadde helte in ljochtwedstryd?

A1 op wei nei de beker
16-8-2008  14:30 Franeker
SC A1 – SDS A1  fuort 13:20
23-8-2008  14:30 SDS A1 – Makkum A1    boks  13:45   
30-8-2008  10:30 JV Bolsward A1 – SDS A1  fuort  9:25

Training
De opkomst fan SDS 4 en SDS 5 foar de training justerjûn wie super. Noch nea kamen der safolle op de training (tusken de 23 en 24). It fjild bij de boksen wie dan ek echt te lyts. Foar in grutte partij koe der noch efkes in heal oerke útweken wurde nei it grutte trainingsfjild.

Trainersberie
Tongersdeitejûn oerlizze trainers en lieders fan de senioren oer de ynset fan sneons. Dat is gelyk al wer in drege klus. Fan de 111 beskikbere leden koene der mei muoite 3 alvetallen meager beset wurde. Wat seit dit?

Seleksje SDS 1
Sij geane om 13.15 oere fuort en spylje om 14.30 tsjin ONS 1
Skelte, Feiko, Tsjeard, Jildert, Arnoud, Arjan, Jelmer, Tjalling, Anne, Harm, Jaaj, Gert-Jan, Floris, Eeltje, Hjalmar

Seleksje SDS 3
SDS bekert tsjin OVC 2. Sij geane om 13.00 oere fuort en spylje om 14.30 oere.
Sybren, Andrwe, Gearard, Stefan, Jentsje, Jeroen, Ronny, Ids, Auke

Seleksje SDS 4
SDS 4 giet nei Top 2. Sij spylje om 14.30 oere en geane 13.15 fuort.
Johan, Lieuwe, Rudy, Ivo, Bas, Rinse, Coen, Pieter, Willem, Tiemen, Martijn.

De Toto
Jappie Wijnia hie woansdeitejûn foardat FC Twente oantrede moast tsjin Arsenal al net folle fertrouwen yn de Achterhoekers. “Thús 0-2 en út mei 5-0 oan de kont”.
De Toto foar de útwedstryd kin dus wol fêst ynfuld wurde.

Topper
Wa hie dat tocht? Jûn lyk in topper yn de earste divysje. De nûmer ien, VVV, giet op besite by de nûmer 2, jawol, SC Cambuur. De wedstryd yn Ljouwert begjint jûn om 20.00(klik
hjir). Wy winskje Hylke Schrale in soad gelok ta!!

Hester lêst fan?
Wij witte net wêr’t dit oer giet, útsein it feit dat it te meitsjen hat mei PvP. Hij ferliet justerjûn mei sân hasten de kantine, wylst hij him oars altiten sa noflik deljaan kin. Syn ferbjustere maten woene him fal alles freegje, mar kamen net fierder as “Hester…..

Swimbroek
Erik Haitsma sit yn Turkije. Op adfys fan trainer Dick Schuurmans moast hij foaral in soad swimmen gean.  Mar om no samar yn de swimbroek sa’n djoer hotel yn te stappen, dan kin fansels net… Sjoch
hjir

Bekerje
Ek de feteranen hawwe opstartproblemen. De bekerwedstryd fan 23 augustus tsjin VVI sil net troch gean kinne, sa lit lieder Eddy ús witte. Wat de datum wol wurdt, is noch net bekind.

Maatskiplike staazje
Wij krije it folgende berjocht fan Ab Scheepvaart:
‘De eerste sollicitatie voor maatschappelijk stage is al door SDS ontvangen. Een jeugdlid heeft aangegeven de stage graag uit te willen voeren als trainer E/F-pupillen. Met hem zal binnenkort een gesprek worden gevoerd over de taken en opdrachten én over de begeleidingsvorm.
Wie volgt…….’

Hawwe jim wat te melden mail it nei dizze adressen