Evenementen in november 2022

Weppers tiisdei 12-8
11 augustus 2008
Weppers tongersdei 14-8
13 augustus 2008

Spilerspassen
I.v.m. mijn vakantie van 25 juli t/m  16 augustus, kunnen de spelerspassen bij André Vink kunnen worden opgehaald. Zijn adres is:  Singel 30a. 8734 HR Easterein. Tel. 0515-333134.
Koos Plantinga

Bekerprogramma jeugd(1)
Anco Elgersma hat in kreas oersicht makke fan it bekerprogramma fan de jeugd. Altyd maklik om bij de hân te hawwe. Sjoch
hjir.

Bekerprogramma jeugd(2)
It bekerprogramma foar de jeugd wat hjirboppe stie wie alwer efterhelle. SDS C1 spilet namelijk tongersdeitejûn 14 augustus(=moarn!) thús tsjin Nijland C1 om 19.00.

Traine
No’t de lieding fan SDS 4 (jong) harren spilers opropt om tongersdei te trainen, kin SDS 5 (âld) net efter bliuwe. Sij geane dit jier ek wer foar de bokaal. Tongersdei om 20.00 oere.

Famkes ek los

De famkes binne tiisdeitejûn ek wer los gien mei de training ûnder lieding fan André Vink.  In geweldige opkomst koene wij konstateare.

YVC 1 – SDS 1
Wy hawwe jûn mei 0-6 fan YVC wûn.
Wie net in al te beste wedstryd.
We hawwe weinich fourt jûn mar ek te min kansen kreeert, dochs hawwe wy 6 goals makke;
10e min Dirk
42e Arjan
60e Redmer
62e Tsjipke
76e Tsjalling (stie noch gjin 10 seconden yn t fjild)
86e Feiko
Dick Schuurman

Oefenje(1)
SDS Da1 sil moarntejûn thús om 19.00 thús oefenje tsjin de froulju fan Tsjom.

Oefenje(2)
SDS 2 oefent jûn tsjin Bolswardia 2. De wedstryd begjint om 19.00. De spilers moatte om 18.15 yn de boks wêze.

Oprop
Trainer Dick Schuurman fan SDS 1 hat foar de bekerwedstryd kommende sneon tsjin ONS 1 mar 8 fitte(gjin skorsten en gjin keatsers) spilers fan de 23 man tellende seleksje ta syn beskikking. Wa hat sneon neat te dwaan en doart it oan mei SDS 1 mei te dwaan?
Mail nei
info@vv-sds.nl!

Lowlands
Foar degene dy ’t it net sitten sjocht om sneon by SDS 1 te fuotbaljen hawwe wy noch wol in oare opsje. Freed begjint Lowlands en der is noch ien kaart oer. Je krije in wykein mei alles derop en deroan; sliepe nêst Jan Stenekes, rein, pannekoeken, The Sex Pistols, sinne, Dropkick Murphys, in pear gleskes bier, Anouk, falafel, it 24-oerskafé, Dolf Jansen, in dei oan de skiterij, The Kooks, te min sliep, sâlte hearring en noch folle mear. Belangstelling? Mail nei vivalosramones@wanadoo.nl!

“Komwerom”
“Uiteindelijk heb ik toegehapt. Nu Bosvelt nog”
Dit sei Marc Overmars neidat hy bekend makke hat fan ‘e wike dat hy op syn 35e syn “komwerom” makket by Go Ahead Eagles. By SDS is it wachtsjen dat Wouter Hylkema werom komt. hy kin sneon sa by SDS 1 yn de basis begjinne.

Letter mear!