Weppers tongersdei 14-11-2019

Weppers tiisdei 12-11-2019
12 november 2019
Weppers freed 15-11-2019
15 november 2019

Nije skiedsrjochterskoördinator

Wy binne tige wiis mei dat wy der yn slagge om in nije skiedsrjochterskoördinator te finen yn de persoan fan Enne Bruinsma. Enne docht al jierren fan alles foar SDS. Sa siet hy de lêste jierren yn de sponserkommisje en sneons is hy noch altiten omropper by de wedstriden fan SDS 1. Wy binne der tige wiis mei dat hy no dizze funksje op him nimme wol.

SDS-ledengearkomst

Kommende woansdei 20 novimber is wer de jierlijkse ledengearkomst fan SDS. It begjint om 20.00 oere. Alle leden binne fan herte wolkom. Auke-Jetze Kroondijk sil jim wer foarsjen fan in noflik bakje kofje of té en fansels krije jim der ek wat lekkers by. Oant woansdei!

Bekerje

Sneon spilet SDS 1 om 14.30 oere yn de earste ronde fan de beker thús tsjin Rottevalle 1. De tagong is fergees!

Kantine

De kantine is jûn nei 20.30 oere wer iepen! Marco Hoekstra soe jim foarsjen fan in hapke en in snapke, mar dêr kaam wat tusken. Lokkich lost Enne Bruinsma it alwer op en stapt hy jûn efter de bar.

Dat sit wol snor

Midsimmercup 2020

De Midsimmercup yn Dronryp sil yn 2020 plakfine op sneon 20 juny. Mooglik sil hjir ek wer in ploegje fan SDS hinne. It kin wolris wat lestich wurde, want it is tagelyk mei de Wommelser Feesten.

Mei syn allen nei sc Heerenveen!

Freed 29 novimber spilet sc Heerenveen thús tsjin Vitesse om 20.00 oere. SDS’ers kinne hjir al foar 10 euries hinne. Ferskeidene SDS’ers hawwe harren hjir al foar oanmelden.
Klik hjir om je ek oan te melden. Neidat je je registreard hawwe kinne je op ‘e nij ynlogge om de kaarten te keapjen.

DJ Jan Bouke

Sneon 23 novimber spilet SDS thús de derby tsjin SWZ Sneek en SDS Vr.1 de derby tsjin Scharnegoutum Vr.1. Dêrneist spilet SDS 2 noch thús tsjin ONT 2 en SDS 5 tsjin Tzummarum 2. In moaie gelegenheid like ús om nei de wedstriden fan 14.30 oere wat plaatsjes te draaien. DJ Jan Bouke like ús hjir de meast geskikte persoan foar en hy sil der foar soargje dat wy der in moai feessie fan meitsje.

Swart-wyt

De trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, hat in hûs kocht yn Snits en lit Erik Haitsma syn hûs fervje. Dat bard fansels yn de kleuren fan SDS, swart-wyt.

Mei de bus nei Willemsoord!

Op sneon 14 desimber spilet SDS 1 út tsjin Willemsoord 1. Neffens tradysje is dit in buswedstriid. Ek dizze kear sil SDS wer yn de bus der hinne. As de wedstriid trochgiet…….
Mochten je mei wolle lit dat dan efkes witte oan Willem Wijnia.

Ut in âlde doaze

Op nei ús 75 jierrich jubileum yn 2022 blêderje wy wolris wat om yn de foto’s fan it 50-jierrich jubileum yn 1997. Wy kamen dizze nijsgjirrige foto tsjin. Dizze bedriuwen makken it jubileumfeest allegear mei mooglik. Wat opfalt is dat in soad bedriuwen net mear bestean.

Harsens derby (2179)

Dan fal je fan gelok nochris fan de stoel………