Weppers freed 15-11-2019

Weppers tongersdei 14-11-2019
14 november 2019
Sneon 16-11-2019
15 november 2019

Ljochtwedstriid

Jûn om 18.30 oere spilet SDS/Nijland JO15-1 thús tsjin sc Franeker JO15-2.

SDS 1 bekert tsjin Rottevalle 1

SDS 1 oerwintere ferline jier yn de beker. Safier is it no noch net. De earstfolgjende hobbel hjit Rottevalle 1. Kommende sneon komme dy wâldmannen nei Easterein. De ploech út Rottefalle stiet der yn de tredde klasse B goed foar. SDS 1 wol graach in ronde fierder en sil dêr alles oan dwaan. Om 14.30 oere yn Easterein mei de folgjende seleksje fan SDS 1:
1 Jaap, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Marco, 5 Remco, 6 Wierd, 7 Frank, 8 Pieter, 9 Peter, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Jacob-Klaas, 13 Wiebe en 14 Steven.

SDS 2 tsjin Hardegarijp 2

Om 12 oere begjint yn Hurdegaryp de wedstriid Hardegarijp 2 – SDS 2. Hopenlik set koach Okke van der Kamp de popkes op it goeie plak en komt SDS 2 mei 3 punten werom.
De seleksje: Sjoerd W, Robin, Jurjen, Jort, Bauke, Gerwin, Lieuwe, Arjen, Sjoerd de V, Wesley, Tjeerd, Ewout, Inne en Habtamu.
Sy fertrekke om 10.20 oere.

SDS 4 thús tsjin Workum 4

SDS 4 presteart dit jier prima en dat wolle se noch wol efkes trochsette. Workum 4 sil dêr de dupe fan wurde moatte.
SDS 1 en 3 slaggen der net yn om Workum te ferslaan. Wy hawwe dan ek alle fertrouen yn SDS 4.
De seleksje:
[12-11 09:18] Johan wtd: Aanwezig
[12-11 09:25] Allert Turksma: Aanwezig
[12-11 09:29] Bouke Fopma: Aanwezig
[12-11 09:42] Gert jan hessels: Aanwezig
[12-11 09:44] Igor: Aanwezig als Johan aanwezig is
[12-11 09:47] Eeltje Postma: Aanwezig
[12-11 10:27] Sytse hibma: Aanwezig
[12-11 10:39] Peter Stuiver: Aanwezig
[12-11 16:13] Remon: Aanwezig sneon
[12-11 16:29] Martijn Rispens Nieuw Nieuw: Aanw
Jelmer p
Kb
Mark p
Jildert

SDS 5 tsjin scFraneker 6

Om 15.00 yn de akadeemjestêd de wedstriid sc Franeker 6 – SDS 5.
De seleksje: Harm D, Auke, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Ids, Jan-Simon, Klaas, Pieter-Lieuwe, Syb, Tjeerd, Tsjipke, Harm S. Sy fertrekke om 13.50 oere út Easterein.

SDS VR.1 nei Starum

QVC VR1 is in subtopper yn dizze klasse en meastal foar SDS VR1 in lestige tsjinstanner. Hoe komt it sneon om 14.00 yn Starum?
Dizze seleksje fertrekt om 12.00 oere út Easterein: Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Jildou, Kirsten, Marjo, Marrit, Richtsje, Seriette, Sieta en Sietske.

SDS JO11-1 nei Flylân

VSV’31 JO11-1 fan Flylân is de gasthear foar SDS JO11-1. In moai tripke foar de jeugd.

Harsens derby (2180)

Ho!

 

 

Letter mear!