Weppers tiisdei 12-11-2019

SDS-League; ‘Hey Ho Let’s Go’ pakt de wykpriis!
12 november 2019
Weppers tongersdei 14-11-2019
14 november 2019

Jelmer

Mei de 5 doelpunten fan sneon nimt Jelmer Posthumus samar it earste plak oer fan Femke Terpstra.  De efterfolgjende groep bestiet meast ek út froulju en út de bruorren Postma. Sjoch hjir

Beker

Kommende sneon sit SDS wer op it koartste paad nei “Europeesk” fuotbal. De bekerwedstriid tsjin Rottevalle 1 stiet op it programma. Dy klup docht it prima yn de tredde klasse B want sij steane mei boppe-oan. Sjoch hjir

Sealteam

De jonges fan SDS 1 (seal) trede jûn om 19.00 oan tsjin Workum 6. De Rolpeal is it plak fan hanneljen.

ST Dronryp/Foarut Vr.1 – SDS Vr.1 0-3

Dizze wedstriid ha wy ôfrûne sneon spyle. It ferslach is in bytsje oan de lette kant mar bij dizze toch noch. 🙂

Dronryp binne wy dit seizoen al tsjinkommen yn de bekerwedstriiden. Wy ha toen 6-4 fan se wûn. Ek sneon mochten wy dizze wedstriid wer winne. Dit wie sneon net sûnder ús fantastyske supporters. Oan de kant fan SDS wie in super opkomst fan supporters die ús oanmoedigden nei de oerwinning! 🤩

It fluitsignaal gong. Wy begjinne mei de ôftraap, bliuwe yn balbesit en Dronryp komt der dan ek net oan. Wy bouwe op en skoare yn de 3e minút ús earste goal. Dizze is makke troch Seriette. SDS bliuwt sterk en lit Dronryp sa min mooglik oan de bal. Sy komme net troch ús ferdediging. Yn de 23e minút is Dronryp skerp en stean se hast mei syn allen op ús helt/bij it strafskopgebiet. 2 fan Dronryp bliuwe hingje bij de middelline tegearre mei Femke. De bal komt richting dizze ferdedigers, sy gean der beide op ôf mar krekt foardat se de bal reitsje kinne tikt Esther de bal nei Femke dy’t noch steeds bij de middelline stjit. Femke ik helemaal frij om nei it goal te rinnen en dit docht se ek. Se gjit allinich op de keaper ôf en sjit de bal moai yn de hoek: 0-2! Even letter kombineare Seriette en Dina goed, Dina passt de bal nei Femke en Femke rond de bal super moai ôf it goal yn. Mar helaas, op dat moment gjit it fluitsignaal foar bûtenspul.

Nei de rust wurdt der goed fuotballe. SDS is sterk en wer lit de ferdediging Dronryp der hast net troch. Yn de twadde helt wurdt der noch skoard troch Hester. Sy krult de bal moai yn de fiere hoek. In echte Ziyech goal. 0-3 bliuwt ek de einstân.

Oankommende sneon meie wy wer út te fuotbalje. Dit kear tsjin QVC yn Starum. Sy stean op dit moment 3e yn de kompetysje (en wy noch steeds earste😉).

Groetsjes Lysanne!