Weppers tongersdei 13-10

Betink in ûnderskrift!
12 oktober 2016
Seleksjes sneon 15-10
14 oktober 2016

Kantine iepen!

Foar wa ’t jûn net hoecht te trainen is it miskien aardich om efkes by it trainen fan SDS 1, JO-19-1, it 2e, JO17-1 of it 3e/4e te sjen. Fansels is kantine ek iepen. Sytse Hibma hat alfêst de moaiste muzyk útsocht en it bier kâld.

Fersetten

De bekerwedstryd fan SDS 1 tsjin FVC nije wike sneon yn Ljouwert wurdt net om 17.00 oere spile, mar om 19.00 oere.

Stypje!

De mannen fan St. Scharnegoutum/SDS JO-19-1 (‘de A’s) hawwe it dit seizoen dreech yn de Haadklasse. Sy binne fansels ferline jier promofeard, it nivo leit aardich heech en der moasten dit seizoen wat jongens fan vv Scharnegoutum ynpast wurde. Oant no ta hawwe sy dêrneist ek noch in hiel dreech programma hân en as je ien kear ûnderyn stean dan komme je yn de hoeke wêr ’t de klappen falle en sit it gelok je by tiden ek net mei. Om de mannen wat fertrouwen te jaan soe it moai wêze dat der kommende sneon in soad minsken komme te sjen by harren thúswedstryd tsjin konkurrint Heerenveense Boys JO19-1, dy ’t mar 3 punten boppe harren stiet. De wedstryd begjint om 12.00 oere. Kom allegear!

Efkes Balje foar froulju

Justerjûn fan 20.00 – 21.00 oere hawwe in groep froulju  ‘Efkes balle’. Der hienen úteinlik al 14 froulju harren oanmelden. Fansels kinne der noch mear by! Justerjûn hat Douwe Reitsma de froulju ûnder hannen nommen. Der wurdt noch socht nei in fêste trainer. Wolst ek meidwaan of hast ynteresse stjoer dan in appke nei Jacomien Heeres 06-14612155 en do komst yn de app-groep “Fuotbal Froulju”.

3 punten werom!

SDS JO-15-1 krigen inkelde wiken 3 punten yn mindering om ’t der iets mis wêze soe mei it útstellen fan in wedstryd. Dit moast nei in datum earder en mocht net op in lettere datum fuotballe wurde. Yn earste ynstansje krige JO-15-1 3 punten yn mindering, mar lokkich genôch hat de KNVB coulant west en krije sy de punten werom.

Oplost?

Mochten de KNVB en it RIVM net mei in passende oplossing komme oangeande de rubberen keunstgerskorrels, dan hawwe wy al in oplossing fûn:
keunstgersklean

Bytsje skeef…….

Yn Argentinië spilet in klup op it 5e niveau mei in fjild wêr ’t al jierren fan sein waard dat it skeef is. Sy ûntkenden dat altiten. Oant hjoed……….

It docht ús suver wat tinken oan it haadfjild fan SDS fan foar 1990………

Harsens derby (1772)

Wy misse fansels allegear wolris……….