Weppers freed de 13e

Weppers tongersdei 12-4
11 april 2012
Seleksjes sneon 14-4
12 april 2012

SDS A1
Hoe en wat en wêrom witte wij net, mar SDS A1 – NOK A1 giet net troch.

SDS B1
SDS B1 moat moarn om 12.40 thús tsjin NOK B1. Wy krije troch dat de B’s om 11.45 yn de boks ferwachte wurde.

Promoasje-degradaasjeregeling
SDS 1 moat noch 5 wedstriden fuotbalje en makket him klear foar de striid tsjin degradaasje en de neikompetysje. Om te foarkommen dat sy degradere of dat it seizoen in sturtsje krijt moatte sy by de earste 10 komme. SDS 1 stiet no 12e mei 3 punten efterstân op de tsjinstanner fan kommende sneon; Minnertsgea 1.
Jim kinne
hjir lêze hoe ’t de rigels binne as der ploegen op it ein fan de kompetysje lyk eindigje.

Seleksjes
De seleksjes foar moarn kinne jim hjir fine.

Jûn Efkes Balje
Jûn om 19.30 Efkes Balje. Kleanfoarskrift:
Skuon: giel, oranje, blau, grien, read
Sjurtsjes: gjin pompeblêden
Broek: swart, mei ek wyt, blauw, grien, read, pears en fansels giel
Sokken: swart wyt

Skiedsrjochter frege
D3 spilet sneon tsjin jv Bolsward D4. Om 11.30  oere. Op it  grutte fjild. Mar wat wol harren fluitsje?


Fan de TC-jeugd
De T.C. is alwer drok dwaende om de nije yndelingen te meitsjen foar folgjend seizoen.
Wol iederien die’t al wit dat’er folgjend seizoen stoppet mei fuotbal dit behalve bij de ledenadministratie
ek melde bij de desbetreffende coordinator.
Dan kinne die d’r rekken mei halde mei de indelingen.
Namens de tc-jeugd,
Boudewijn Kramer.


Earlikheid duorret it langst
De spits fan St. Pauli
makket de 2-1 tsjin Union Berlin, mar it sit him net lekker dat hy mei de hân skoort. Hy giet nei de skiedsrjochter en de goal wurdt dochs noch ôfkeurd. It docht mar wer bliken dat earlikheid it langst duorret, want yn de lêste minút makket St. Pauli úteinlik dochs noch de 2-1.

Koeke
Yn de wike fan 16 april 2012 is de jierlijkse koekeaksje fan keatsferiening Easterein. We kommen fan moandei oant tongersdei by de doarren lâns mei de hearlike Molkwarder Koeke.
Sjoch 
hjir foar ynformaasje.
Mei freonlike groetnis,
Klaas Pompstra
Webbehear K.F. Easterein

Harsens derby (734)
Der is mar ien
Panenka, mar dizze “Van Persie” komt in ein yn de rjochting: