Weppers tongersdei 12-3

SDS League: "Keessie Kwakman" pakt wykpriis!
11 maart 2009
Weppers freed 13-3
13 maart 2009

Trainingstaal
De trainer (dy in prima training joech!), tidens it spul yn trainerstaal:
“Man yn de rêch” . “Sykje de frije man”. “De bal foar de man spylje”. “Hâld dyn man”.
Heart op deselde frouljustraining.

Ynsmite
De frouljustraining leit stil, der is in fraach oer de yngoai.
In spylster tsjin de trainer: Sneon hienen we in yngoai by de middelline. De coach sei eltse kear: “ Lâns de line!”. Dat wy dogge dat.
Op it lest stienen we by de efterline fan de oaren, want de tsjinstanners skopten de bal hieltyd wer bûten de linen.
Dat sjit toch neat op? Hoe kinne we dat oars dwaan?
De trainer (nei in pear tellen): Jimme kinne ek wol nei de midden goaie as der ien frij stiet en dan de bal fuort nei foaren.

Futsal
Juster hawwe Jaap, Harm, Feite, Tseard H. en B., Erik en Willem efkes yn de seal fuotballe tsjin RES 1. Dizze oefenwedstryd tsjin de koprinner yn de 1e-Klasse waard mei 5-4 ferlern.

SDS A1
Sneon 21 maart  2009 ynhel
wedstriid om 12.30:
M
akkum A1
SDS A1,
11.15 oere fuort út Easterein
Riders: Los/Kamstra/Brinksma/Strikwerda

LP
Sneon elpees draaie mei SDS 5. Op dit momint wurde souders op de kop helle om dy prachtige Elpees te sykjen, want wij tinke dat Klaas Kamstra perfoarst dy fan Uriah Heep mei ha wol, Klaas Visser liket ús in BeeGees fan en Tjeerd Dijkstra komt mooglik mei de alder earste Elpee fan Peter Maffay (Du) oansetten. En Ype Burggraaf siket alles ôf om de elpee fan de Four Tops mei in nûmer” If I where a carpenter.” te finen.

Bynammen
De ôfrûne wike koenen jim by de VI meidwaan oan de bynammenkwis. Jaap Toering wist ús in soad antwurden te mailen, mar wist in pear net. Skelte Anema wist se úteinlik allegear. Sjoch
hjir foar alle antwurden.

AH-plaatsjes
Tom en Pieter hawwe harren plaatsjesboek ynmiddels fol, mar hawwe noch wol in bult dûbel. Hawwe je noch plaatsjes nedich, mail dan efkes in listje nei
info@vv.sds.nl.

Kop fan Jut
Yn Oezbekistan wolle se graach dat der skerp traind wurdt. Wat wol je ek mei de konfrontaasje mei Australië yn it foarútsjoch. Wy wolle graach dat SDS 1 ek skerp is foar de wedstryd fan kommende sneon tsjin LTC. Miskien is dit in ideetsje foar Dick: