Weppers freed 13-3

Weppers tongersdei 12-3
11 maart 2009
Seleksjes sneon 14-3(ynkl. froulju)
13 maart 2009

Net ien mar twa

Wij kinne Alice Tjerkstra (Da1) en Bas de Haan (SDS 4)lokwinskje. Sij binne mem en heit wurden fan twa jonkjes. Wa’t oer Swingoerd riidt, kin de nammen net misse. Fan herte lokwinske.

Nei Velzen?
Oan de bar yn de kantine wurde faak wylde plannen betocht. Justerjûn bijgelyks: Feite, Robert, Floris en Harm Auke betochten ynienen dat sij Cambuur jûn stypje wolle. Dêrfoar moatte se wol nei Velzen ride. Bij it ferlitten fan de kantine stie it plan as in hûs. Allinne moasten Robert en Harm Auke noch efkes oerlizze mei “de frou” en Floris mei de hûn. Foar Feite giet it gewoan troch. Wij binne benijd.

Froulju
Jan Bouke Bouma hat oanjûn per direkt te stopjen as leider fan de SDS-froulju. Dit jout fansels lyk problemen. Lokkich genôch binne der lyk al wer frijwilligers fûn dy ’t hjirop ynspringe. Floris Hiemstra sil sneon mei as leider en Christiaan Hoekstra sil flagje. Floris is y.p. ree fûn om ien kear yn de 2 wiken te leiderjen by de froulju.

SDS 7?
Kommende sneon binne der safolle minsken dat der by de teambesprekking tongersdeitejûn sels al sprutsen waard oer in 7e….

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de útgebreide seleksjes fan de senioaren fine.

Swaffelje?
Juster wie Klaas Okkema siik en mocht Harm Abma sawol SDS 2 as 3 traine. It tema fan de jûn wie druk sette op de tsjinstanner. Harm lei dit goed en helder út. Sa moat der neffens Harm as de bal op de oare kant fan it fjild is “swaffele” wurde. Yn it ferline neamen wy dit noch “kantelje”.

Nea op tongersdei!
Hendrik Engbrenghof traint altiten op tiisdei, mar is nea yn staat om op tongersdei te trainen, want dan hat hy sa’n lêst fan de hakken. Wy hawwe wol in idee wat de oarsaak fan dit probleem is:


Mis!
Je hawwe wolris dat je fan alles probearje mar dat je der mar net yn slagje om in goal te meitsjen. Dizze Braziliaanse spits hie der fan ‘e wike ek wat lêst fan yn de Copa Libertadores:



Letter mear!