SDS League: "Keessie Kwakman" pakt wykpriis!

Weppers woansdei 11-3
10 maart 2009
Weppers tongersdei 12-3
11 maart 2009

It is dizze wike “Keessie Kwakman” dy ’t de wykpriis pakt. Hy tocht gjin ferstân mear te hawwen fan it Nederlânse fuotbal no ’t hy alwer in skoftke yn Berlyn sit. Oan Kees syn 86e plakje te sjen kloppe dit ek wol aardich. Dizze wike pakt hy allinnich mar leafst 49 punten. Dit is hiel wat mear as de folgende (ek in “bûtenlander”) Anne Marije Hofstra mei “U.K.-players” dy ’t 39 punten pakt.
Grutte man by Kees wie Jaliens(AZ) dy ’t mar leafst 12 punten pakte.

Dit koe ynderdaad Kees syn 2e wykpriis ea wolris wêze….

“Tsjeard”(Halbie) stiet noch altiten boppe-oan. Hy stiet 7 punten foar op “FC Sjaak Afhaak”(Sybren Wesselius). “Vakkie 13” fan de Haitsma’s sakje fan 2 nei 3.

De iene Postma stoarmet de top 10 binnen en de oare falt derút. Henk giet fan 16 nei 8 en Mark fan 7 nei 11.

Wy hoopje dat Wesley Hoitinga it mei SDS C2 better docht as mei syn team yn de SDS League. “Snipes” stiet no 84e.

Foarige wike wie it dus de nûmer ien nei lêst(Hylke Flapper) en no de nûmer twa nei lêst dy ’t de wykpriis pakt. Der is dus noch hoop foar nûmer lêst “Bosk United” fan Ivo Donath.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.