Weppers tongersdei 11-8

Freuleweppers
9 augustus 2011
Weppers freed 12-8
11 augustus 2011

Fet mjitte

Foar de training jûn moatte de spilers it fetgehalte mjitte litte fan fetgehalteopnimmer Dooitze Nauta. It sil plak fine yn boks 5 of 6.
Eltsenien moat sels syn bertedatum efkes meinimme…….

Training E1
De training fan E1 soe nije wike los gean ,mar bij it ynfentarisearjen fan de fakânsjeplannen die bliken dat de kommend twa wiken mar twa jonges trene kinne. Dêrom sil de earste training plak fine op moandei 29 augustus.

Traine
Neffens it skema begjint it trenen fan SDS 2 en 3 hjoed ek wer. Om 19.00 sil dat plak fine.

Transfernijs?

Transfernijs(18)
Der binne noch in oantal wiken foardat it 1 septimber is. De transfermerke sil de kommende wiken wol wat op gong komme. Seker bij tsjinfallende prestaasjes. Hjoed kinne wij melde dat
-sy by PSV sjogge de bui al hingjen sjogge en sy no Moissander fan AZ helje wolle.
-Fabregas sels flink meibetelje wol oan in oergong nei Barcelona.
-Huntelaar net meiwurkje wol oan in transfer nei Kazan, wylst hij dochs al wer in heal jier bij de selde klup sit.
-Nelisse seker net werom keare sil bij Feyenoord want hij stoppet troch in ferfelende knibbel.
-de bruorren Verhoek miskien tegeare by ADO fuotbaljen gean

Harsens derby (539)
Dit is pas in schwalbe: